|
|
19 júny om 17:12 |
|
Un juweeltsje fan Eppie Dam
Eppie Dam, je komme syn naam nyt teugen in Boerefrys(talech) webloglaan. Krekt as ut overgroate deel fan de dichters in ut Frys ňf andere Frystalege (stads-) dialekten hewwe Dam en konsorten der blykber gyn behoefte an om op ut world wide web te aktearen. Un antal weken leden skreef ik un weblogje over ut werk fan Eppie Dam. Met name syn foetbalfersen spreke mij an, en ok syn bundel in ut Pompsters lees ik met un soad plezier. Spitech dat der gyn enkel fers in ut Kollumer Pomster dialekt fan Eppie Dam in Abe de Vries syn ' Het goud op de weg ' staat. De Vries rekent blykber allienech fersen in ut Boerefrys tňt de Friese poëzy. Gister, ňf beter fannacht ( de dichter út Balk is blykber nňch altyd un nachtdier ), reagearde Eppie Dam op myn dachboekstukje fan 23 mei. Uteraard bliëft de inhoud fan dy mail privé! Ut sú nyt bęst weze at je ongefraagd elektroanise pňst sumar in de openbaarheid brenge súden. Wat ik wel fan Eppie Dam públiseare mocht op myn dachboek, is un hagelnij fers over Heerenveenspeuler Gerarld Sibon. Ut fers komt in Dam syn twaalfde bundel is de bedoëling. Un prachtech fers Eppie!!
GERALD SIBON
Skientme komt net út in floeiend en lichtfuottich liif mei slinger oer it fjild bewegend as weage him in dűns fan glinstering yn slalom fan de bergen.
Guon waarden goadesoannen neamd, oaren tsjoender, gűchelder of slangemins; mar skientme rint him stikken op magy as balbehanneling it keunstich fakwurk is fan fuotten oefene yn fingerfluggens.
Wriuw jim de eagen út, ielgledde mantsjes fan de syntetys griene matte, en sjoch him dęr stean, dizze treurwylch fan in pylder, skurve fűgelskrik, de beide takken wiid, heechstokkich as in linnenrak de skonken.
Kaam goadebrod op wjukken fan de hichten, in duvelsjong waard opdreaun út it leech: elk eachslid swierder as in swerfstien, de wrede turf noch tergjend yn ’e noppen.
In slange wol ik him wol neame, mar dan fanwege weemoed, gif en blazen. Mei drintse weltschmerz rint it stadion fol as hy in oanfal űndernimt, mei skientme no elk each dat him de gouden pass jaan sjocht – akelich op maat mei syn briljante houten poat.
Eppie Dam
|
|