dagboek > overzicht
Dagboek november 2008Bekiek hele maand 
 
27 november om 18:00
 
Kultureel Kertier





Ut Sneeker Nieuwsblad kňpt, aardech tendisjeus, dat ut ‘ Theater kost Sneker per jaar 250 euro ’. Dat het ut ‘ buurtcomité Cultureel Kwartier ’ teminsten berekend. Binnenkňrt komt ut komité met un finansjeel rappňrt. At je sukke útspraken doën, dan had ik ut geloofwaardeger fonnen om sukke sifers metéén met feiten te onderbouwen. Ondertussen wurde de messen dus slypt foar woënsdachavend at de polityk um búgt over de fijfde raadsnotisy fan ut Kultureel Kertier met betrekking tňt ut bestemmingsplan Teater Westersingel. Ik fyn dat ut buurtkomité um wel un freeslek groate broek anmeet, se ferteugenwoardege nňch nyt iens 0,1 prosent fan de totale Sneker befňlking. De útspraken fan woardfoerder Wim Faber dat der tidens de Zelle-foarstellingen al ferkearsoverlast weest het, fyn ik rondút belachelek. Kom mar us met harde feiten en sifers om su’n ferhaal te onderbouwen. Gisteravend hew ik ut knip & plakwerk in de fňrm fan de ansichtkaarten met ‘ Groeten uit het cultureel kwartier Sneek ’ op myn weblog setten. Toen ik dizze kaarten onder ogen kreech moest ik futdaleks an de toneeltoren fan ut foarmalege Amicitia-teater an ut Leeuwenburg denke. Is dy toren nou ok su hooch, ferknalt dy toren de skyline in de binnenstad? Sien self mar us eventsjes.

Dizze kaarten fan ut buurtkomité hewwe bij mij utselde effekt as de fisualisasy fan ut teater op de propagandakaart fan ut Kultureel Kertier an ut begin fan dit kalenderjaar. Dy futuristise sfearimpressy fan Teater Sneek sorgde der foar dat omwoanenden hast fan hun stoel fielen toen se dy bewuste kaart onder ogen kregen. Foar mij is ut dizze kaart weest dy’t un soad kwaad bloëd setten het bij de teugenstanners fan ut Teater an de Westersingel. Op hun beurt doët ut buurtkomité nou utselde met ut fersturen fan hun kaarten węrmet globaal ut folúme fan ut teater angeven wurdt. Bitsje dom fyn ik dat.

Regelmatech krij ik te horen dat de woardfoerder fan ut buurtkomité, Wim Faber, amper in syn hús an ut Oud Kerkhof is. Faber woant en werkt in Brussel. Met andere woarden ‘ hij woant hier ommers nyt, dus hij mut um stilhouwe’. Dęr bin ik ut folstrekt met oneens. As oud-Sneker en as partime-bewoaner fan oans stad het Wim ut recht om foar syn mening út te kommen. Ik mut niks hewwe fan lui dy’t op’e man speule. Myn slogan is keihard om de bal, sacht op de man!

Geart Bos & ut Kultureel Kertier

De in Skarnegoutum woanende Geart Bos folgt de diskussy over ut Teater an de Westersingel ok op de foët. Bos het er, krekt as su’n soad anderen, ok un mening over. Dy mening wil ik jim nyt onthouwe en geef ik hier met toestemming fan de Skarnegoutumer integraal wear:

" Hee Henk.

As dy lęberij dęr by dy yn 'e buert sa troch giet dan komt dat teater der fansels noait. Foar it oare bin ik alhiel mei dy iens. Neffens my ha se dęr by jimme in wedstriid útskreaun fan wa't de meast űnsinnige arguminten tsjin it teater oandrage kin. Op de feemerk is lykwols ek gjin opsje, wat moatte jo dan mei de Noardertsjerke en it Bolwurk, dan wurdt it wer in fersnippere gehiel en dęr is Snits al sa sterk yn. Wat tinke se lykwols fan al dy machtige Snekers dy't oan 'e Stationsstraat wenje , jout fierst-tefolle argewaasje en drokte yn harren túntsjes efter hűs.

Nee as it dan doch oars moat en it gemeentebestjoer fan Snits net safolle kont yn 'e broek hat om dit troch te setten, dan wit ik wol in folle moaiere lokaasje, nmtl it terrein fan de âld gersdroegerij yn Loaiďngea.
Dit liket my hjir tige geskikt foar, benei gjin omwenjenden, de droegerij wie ek wol sa'n 25 meter heech, dus gjin swierrichheden oangeande de "skyline". Der kin in moai terras oan it wetter fan de Swette, de Swette, it Swettebosk en de landerijen oan de oare kant fan de Swette kinne moai brűkt wurde foar lokaasjeteater en der is genôch romte foar in parkearterrein. Boppedat kin dan it doarpshűs yn Skearnegoutum moai yntegrearre wurde yn it teater dan is de drege eksploitaasje hjirfan ek fuort oer. En och, as dy űnsinnige weryndieling dy't se yn ús provinsje foar eagen ha trochgiet, dan makket it doch neat mear út. Dan betelje we der allegearre oan mei.

Jacob Reitsma cs. sille it fuort mei my iens węze dat dit in geweldich idee is en wolle grif ek wol in fikse stoer oan mei betelje. Komt Wymbrits ek moai fan pas yn harren frijerij mei Snits. Miskien kin Germ Gerbrandy fan Gau dęr wol konsjerzje wurde, hat dy ek wer plak en kostet it ek wat minder wethâlders-wachtjild. Kin er boppedat tagelyk it Frysk ek wat hoedzje en noedzje. In namme ha 'k ek al: "It Pasfearteater"!

Groetnis Geart."