|
|
9 febrewary om 19:31 |
|
Willem Schoorstra ( 1959) het un eigen website. In 2001 ferskynde syn dichtbundel 'Ynwijing'. Syn ferhalebundel 'Berjochten út Babel' kwam in 2002 út. Op 25 jannewary fan dit jaar ferskynde Willem syn debútroman 'Swarte Ingels'. En nau dan un eigen website. Dy Willem is goëd bezech! Foar un deurferwizing siën bij Frysk en Frij!
Over syn dichtbundel skreef ik op 29 november 2001 onder anderen dit in ut Sneeker Nieuwsblad:
/.../Schoorstra hat in folslein eigen lűd en syn gedichten hawwe sűndermis sizzenskręft. De debutearjende dichter is ek net fiis fan it brűken fan metafoaren, dy't gauris de abstrakte kant it neist binne. Ek hiel opfallend yn it wurk fan Schoorstra is, lykas yn 'e fersen fan Jan Wybenga silger, syn foarleafde foar suver argays Frysk: tęd (s.11); bepatte (s.14); tsjammen (s.19) /.../ De dichter as taalwarder? Mar dan is it űnbegryplik dat der ek ynterferinsjes lykas badpak (s.7); merkst (s.10); donkere (s.11) /.../ yn dizze fersen steane. Ik haw oars neat tsjin op it brűken fan wurden lykas 'weareld' en 'badpak', it is yn elts gefal realistiser Frysk taalgebrűk as in 'kweazge űnderkommen' dęr't de dichter it oer hat. Schoorstra set syn lęzers gjin fretfersen foar, it binne gedichten dy't de lęzer yngeand ta him nimme moat. Faak hiele byldzjende poëzij, mei in yn it moed taastend weromsjen nei it ferline/.../ /.../dat er talint hat bewiist er mei dizze sobere mar o sa kreasútjűne bondel.
En dit over syn ferhalebundel:
/.../ it lycht der yndied net om wat de lęzer foar de kiezzen krijt. It binne stik foar stik wrede ferhalen oer persoanen dy't oan 'e selskant fan 'e maatskippij libje. Schoorstra skriuwt oer sitewaasjes út 'e hjoeddeiske maatskippij. Hij leit himsels hielendal gjin beheinings op, batst der op in űnfryske wize yn en lit sa in folslein eigen lűd hearre. /.../ Moard en deaslach, syklike seksuéle bűtensprongen, drugsmisbrűk, eksoatyske rituélen fan sektes, selsdeadzjen en skizofreny binne ű.o. de tema's dęr't Schoorstra oer skriuwt. Hij docht dat yn byldzjende taal, yn in styl dy't 'losjes' oerkomt, mar it perfoarst net is. Schoorstra liket de sosiotalk fan rânegroepjongerein fan binnenút te kennen en dęrtroch komme de dialogen ek hiel autentyk oer. /.../ Willem Schoorstra hat mei Berjochten út Babel tige nijsgjirrich eigentiids proaza oan 'e Fryske literatuer tafoege. Nei syn fertsjinstlik poëzy-debút en dizze ferhalebondel is no it wachtsjen op in roman fan dizze ryk talentearre skriuwer.
Sneeker Nieuwsblad,15 augustus 2002
Ut mach dúdelek weze, dy Schoorstra het wel wat.
|
|