dagboek > overzicht
Dagboek febrewary 2009Bekiek hele maand 
 
22 febrewary om 16:31
 
Joop Boomsma





Ut slaat natuurlek negens op dat Abe de Vries in syn bloemlezing ' Het Goud op de weg ' de dichter Joop Boomsma helemaal doadswijgt. Ut is te belachlek foar woarden dat dy poëtise skerpsliepers fan un Teake Oppewal, Pier Boorsma en Geertrui Visser, dy't de nije Spiegel van de Friese poëzie samenstelden, gyn fers fan Boomsma opnommen hewwe. Hulde dêrom oan útgeverij Venus dat se un nije bundel fan Joop Boomsma útgeven hewwe: ' De klaai is griis novimber '.

De oulopen dagen hew ik de 20 fersen dy't in dizze bundel staat ' freten '. Wat un eigen gelúd het dizze dichter, wat un prachtege fersen skriëft de man. Earst ut titelgedicht fan de bundel mar eventjes. Past wel op su'n grize sundachmiddach in febrewary:

DE KLAAI IS GRIIS NOVIMBER

Der leit in dize oer it gea
yn novimber.
Dampich lizze leech de wolken,
lânreek dy’t de bou ferswijt.

Drippen oan ‘e wynbrauwen,
it burd is wiet –
in kuier.

Bitelân is ’t hjir,
ik fiel de trekkerspoaren oan ‘e soallen –
de klaai is keard en griis glânzje
de kluten yn it wiete ljocht.

Hiel licht lykwols
fernim ik noch de rook
fan sipels en fan koal.

Ynienen is dêr in pleats, in beamwâl
en fierderop de kontoeren fan in toer –
skier.

Dat gjin kleuren
yn novimber.

Dampich lizze leech de wolken,
griis it gea.
De klaai is griis
novimber.

Klapperjend wjukje dowen oer my hinne
en wurde wei, griis, yn ‘e dize.

It libbet hjir
yn novimber –
de rook, de reek, it wiete ljocht
op de kearde klaai.
Mar it is sa griis
sa griis
novimber.


Uteraard is dit begrypleke poëzy, der staat wat der staat en dat is fanself ferrekte ferdacht, nyt elitêr genoech. Wêr bliëve we dan at we suk werk ok al opnimme in oans subsidy bloemlezing? Ne, nou?! Soademiter tòch op man, Boomsma is un únyk dichter in de Friese lettertún dy't ansprekende poëzy skriëft. Hier dit fers:

KONSEPSJE

De winter fan '44 wie benammen kâld en deadsk
waard my trochjûn
út it skreaune
oer de oarlochstiid-
yn'e Rottefalle
wie it grif net oars.
Us heit- de adrenaline fan it swarthanneljen
sil him jage ha- fûn ús mem
dy nacht- waarm.

Dy aaisel en dat
iene, lytse spermafiskje: ik.

Leven waard libben,
de winter wie efkes minder kâld en deadsk
dy nacht, desimbernacht.

Sa'n die, it geniet, de waarmte
om kjeld en dea:
mear as in heale ieu letter
skriuw ik dit fers.

Konsepsje is tafal.

Hoe blyn mutte je wel nyt weze at je su'n dichter over de kòp sien? As laaste sitear ik hier ut fers Blues foar de âld man, un fers over un man dy't húdkanker het. Imponearend moai!

Blues foar de âld man

Hiel sêft
fielt er de dea op'e hûd.
Net yn'e bonken
of yn it bloed-
hiel sêft
fielt er de dea op'e hûd.

Hiel sêft
fernimt er libben de dea,
fernimt er de dea
dy't libbet op'e hûd.

De dea dy't libbet
op'e hûd-
dy't libbet.

Ferlern it ferline
en de takomst yn't foar
want hy fielt de dea
dy't libbet op'e hûd,
hiel sêft
op'e hûd-
dy't libbet
hiel sêft.

Net yn'e bonken
of yn it bloed-
hy libbet op'e hûd
hiel sêft
de dea

Hy jout ta en akselt tsjin
en boartet der mei,
fielt en is
de dea op'e hûd
hiel sêft
de dea op'e hûd.

Hiel sêft en tear
de hûd
de dea
dy't libbet tear op'e hûd.

Hiel sêft
fielt er de dea op'e hûd
fielt er de dea
dy't libbet
hiel sêft op'e hûd
hiel sêft
de dea.

Hy is en libbet-
de dea op'e hûd.

Net yn'e bonken
of yn it bloed,
hiel sêft libbet de dea
op'e hûd.

Dat al dy bloemlezers fan de Friese poëzy sukke fersen in dy fústdikke boeken misse mutte fyn ik un grof skandaal. Gelukkech kanne de honderden dy't dageleks dit weblog leze nou wel fan Boomsma syn poëzy geniete. Al binne ut mar dry fan de fier kear un haanfol dy't in de bundel staan.