dagboek > overzicht
Dagboek maart 2009Bekiek hele maand 
 
14 maart om 11:13
 
Diva Yva





Yva Hokwerda ( skúlnaam foar Ytje Hoekstra ) foto fan Reyer Boxem

Ik folch har al un moai antal jaren fia ut world wide web, diva Yva Hokwerda su' t se har self noëmt. Foar mij is Yva gewoan un meiske fan búten. En met búten bedoël ik dan fan búten Sneek. Se woande in har meiskesjaren, se wurde in 1961 geboaren, op un in myn ogen groate boerderij tussen Sneek en Skarnegoutum. Fan Loaijinga hadden wij Sneker jonges miskyn wel us hoard mar ut bleef ' ergens tussen Sneek & Skarnegoutum '. Wat mij fan dy plaats dęr't de Diva woande foaral intrigearde waren de swarte letters op dat inmins groate oranje boerderijdak: OBW
Feul en pas feul later hoarde ik tidens un fytstňchtje met oans fader, ut sal op un woënsdachmiddach weest hewwe, dat dy letters foar Old Burger Weeshús stonnen. Dęr woande de Diva. Ik kon har nyt en sij mij nyt. Later learde ik har dus kennen, dat wil sęge har dichtwerk. Gister hew ik de hele dach in har debútbundel lezen. Prachtege poëzy dy't wat fertelle over har weareld dęr't se as meiske ( as famke ! ) opgroeide. Un weareld nňch gyn fijf kilometers fan de Noarderhoek, mar in oans gedachten as Sneker jonkjes woanden dy kyndes fan búten op un andere planeet. Dat één fan dy ' boere '- kyndes jaren na dato ansprekende poëzy skriëft kan ik helemaal blij fan wurde. Binnenkňrt un resęnsy over ' 44 dűbeld fjouweren ' ( útgeverij Bornmeer ) fan Yva Hokwerda. Hierbij ut fers dat in dy resęnsy sentraal staat:

Foar heit yn’e frouljusbank

Fuotbongeljend boppe syn pompeblęden
yn’e gręft njonken ’e pleats. Lęste oanplant
fan syn hân, neitinsblom, oktobersnein.
Hoe’t er hjir simmerdeis sitte koe te kijtellen.

Kweekplanten yn’t kroas fan jier op jier
op kikkertsleat dęr’t dizze boer
my reedriden learde,
knoffeljend op dűbeltsjesiis.

It kin hjir frieze.

Swarte tiktik-hakjes hege-noare-skuon
hingje ik hoeden del by’t steile stalt
Heit syn lege bank hjir achter my.
’t Learen jaske út, himdsje yn neisimmersinne.

Snilen bouwe noch grut feest yn in te warm oktober.

Hjir moatte noch sân goudkarpers keare,
yn’t loslitten seach hy de lęste glimpen.
Wyt mei gouden wetterleeljesblom
jout noch rimpelleaze onewomanshow.

Midskips de Herfoarme sieten wy
yn de dwerssteande frouljusbank.
Heit altyd achter ús.

Preekhearpetear oer it famke fan Jaďrus
en de frou dy’t altyd floeide.

In nij wurd learde ik, oer frouljusbloed:
űnrein.
Dűmny lei it hiel begryplik út
en sei: Amen.