dagboek > overzicht
Dagboek febrewary 2010Bekiek hele maand 
 
26 febrewary om 20:06
 
Lieuwe van der Pol ( Christen Unie ): WERYNDIELING MOAT TROCHGEAN !





Sukrekt de mailboks lezen. Dęrin ok in reaksy fan Kristen Uny-raadslid Lieuwe van der Pol. Dank foar de reaksy Van der Pol. Hierbij de mail fan Lieuwe van der Pol, integraal overnomen:


Hoi Henk,

Do fregest om in reaksje? As binne it dyn digitale folgelingen dy’t derom freegje?

Ja, ik stean graach op strjitte om mei de minsken te praten. Want it persoonlik kontakt giet altiid noch better face to face dan oer de mail en oer in weblog. Mar lykwols myn komplimenten foar dyn weblog; der is faaks wol in aardich stikje bij.

Guon boeren dy’t net mear mei de hân melke, soene mar och sa graach wolle dat der wer wat mear folk lâns kaam foar in praatsje. Se sjoche wol wat folk yn grutte trekkers harren hiem op kommen mar meastentiids is dat in lânwurker, dy’t fűleindich trochdraaft om mei syn ark oer it lân te daferjen en gjin tiid hat foar in bakje.

De kampagne giet Snits foarbij en dus bin ik mei oaren dwaande om yn Littenseradiel oan de polityke bak te kommen. Hjoed komt Roel Kuiper te sprekken yn it Dielshűs! 20.oo oere!

Justerjoen nei Agnes west. Minister fan Socioale Zaken Andries wie der ek. Aardich folk, goed organisseare troch Minne van Oosten en genoch mei krigen om ek yn ús gmeentlike politiek eat mei te dwaan.

Dan de weryndieling: as de Twadde Keamer dat útstel oan de kant leit as in kontrofersieel útstel snap ik der net safolle mear fan. Yn de tariedings op de profinsiale ferkiezings in pear jier werom, wienen sprekkers yn Snits fan de measte partijen it der oer iens dat it fan de gemeenten sels út gean moast. Dat is bart. Ek lânlik wurdt der sa oer tocht. No binne der in grut tal fan fragen stelt, mar dat is foar de búne. Ommers eltsenien koe út de reaksjes en fragen fan de keamerleden op de sitting yn de Walrus ein jannewaris begripe dat se wol bield hawwe by de űnrest űnder guon groepen fan minsken, mar dat se ek goed ferstien hawwe dat eltsenien yn ús takomstige gemeente der fan oertsjűge is dat der fuseert wurde mat. Miskien dat de buorgemaster fan Littenseradiel noch it meast op de line fan net weryndiele stie, mar sy is gjin boarger fan dizze gemeenten.

Wat is der dan kontrofersieel? Dat Nijefurd net bij Snits wol? Dat Snits Staveren 45 km is? Dat der rom 80000 minsken wenje? Dat der 69 kearnen yn dit gebied lizze? Sis it mar.

Wat my oanbelanget moat de weryndieling troch gean. Fan útstel komme emoasjes, dy’t ús in protte jild kosje en miskien liede ta oare karren, węr’t de gemeenten dy’t it meast holpne węze soenen mei in weryndieling de wrange fruchten fan plukke.

Lieuwe