dagboek > overzicht
Dagboek maart 2010Bekiek hele maand 
 
9 maart om 19:34
 
Púre nňstalgy





Sukrekt ut nieuwe Omrop Fryslân programma ' It paad werom ' sien. Un oulevering over de geskiedenis fan de roemruchte foetbalfereniging Jubbega. Púre nňstalgy! Ut sal dúdelek weze dat de Omrop naar syn kijkpúblyk siet, de 50-plussers. Met su'n programma bereike je de jongeren nyt mear, hoe aardech ik dizze repňrtaazje ok fon. Hierbij de ankondeging:


Ienriedich knokke - VV Jobbegea yn de sechstiger jierren

De fuotbalferiening Jobbegea spilet hjoed-de-dei yn de tredde klasse, neat bysűnders.
Mar dat hat wolris oars west. Ein jierren ‘50 steane der in pear mannen op it fjild dy't krekt efkes mear kinne as oaren. Dat komt omdat se altyd, mar dan ek altyd oan it ‘baltsje-traapjen’ binne. Ta de nacht út binne se op it fuotbalfjild te finen. Se reitsje sa op mekoar ynspile dat se mekoar mei de eagen ticht strakke ballen taspylje kinne. En dat docht op lange termyn fertuten.

Elkenien is it der oer iens dat begjin jierren sechstich yn Jobbegea sneins it bęste fuotbalteam ea fan Fryslân op it fjild omdraaft. Se spylje op it nivo wat no de haadklasse is (Harkema). “Hoe koe dat?” Wie de fraach dęr't de redaksje fan It Paad Werom mei nei it doarp ôfreizge.

De mannen fan doe binne no tusken de 70 en de 75 jier en komme noch ien kear yn de fuotbalkantine bymekoar om oantinkens út it ferline op te heljen en om oer harren “wederwaardigheden” te praten. De frou is mei en der is gebak.

In ôflevering mei fansels prachtige bylden fan it “dreamteam” fan doe op it fjild.


It paad werom tiisdei 9 maart te sjen bij Omrop Fryslân TV, om 18.30 oere en wurdt elk oere herhelle.