dagboek > overzicht
Dagboek augustus 2010Bekiek hele maand 
 
31 augustus om 17:15
 
De Moanne fan it Fryske Boek 2010







Mňrren komt de ERRRRRRRRR in de maand met andere woarden ut is wear foarbij dy moaie somer! Hoop anders nňch wel op un ouwe wieve somer en foar de kommende dagen liekt ut goëd. In Fryslaan is de maand september útroepen tňt Moanne fan it Fryske Boek: ' In moanne lang lęze, hearre, sizze, fiele, rűke en priuwe hoe ryk ús taal is '. Dizze maand is in ut plak komen fan de roemruchte Sútelweken. Frijdach is de start met o.a. un literęre toernee fan Greet Andringa dy't har kadoboek ' Los sân ' anbiede sal bij de ferskillende boekhannels, nee se komt nyt in Sneek. Dat ik maak hier mar even reklame foar dizze skriefster. Hew ut boekje fandaach al over de pňst kregen. DANK DANK NU ALLE...

" Greet Andringa bringt har Kadoboek, Los sân, persoanlik te plak by in tal boekhannels yn de provinsje.
Op freed 3 septimber komt sy yn Frjentsjer, Koudum, It Hearrenfean en Drachten. Werom yn Ljouwert bringt se noch in besite by trije boekhannels yn de Ljouwerter binnenstęd. Op reis troch Fryslân reizget sy mei de Fryske Fertelbus mar yn Ljouwert wurdt it ferfier oanpast. Net allinne yn ferbân mei it autoleaze winkelgebiet, mar ek nei oanlieding fan it boek. Heech boppe it winkelpublyk út, sittend op in kamiel, rydt se oer de Nijstęd. Alle boekhannels sille de skriuwster op in bysűndere wize ferwolkomje.

10.00 Start by Tresoar yn Ljouwert
10.30 Boekhannel Bruna Blaauw yn Frjentsjer
11.45 Boekhannel Muizelaar yn Koudum
13.00 Boekhannel Bindert Overdiep op It Hearrenfean
14.00 Boekhannel Brouwer yn Drachten
16.00 Afűk Boekhannel, Boekhannel Van der Velde, Boekhannel Selexys De Tille

Greet Andringa hat yn opdracht fan de Stichting It Fryske Boek en Tresoar it Kadoboek skreaun dat yn de hiele moanne septimber, de Moanne fan it Fryske boek, yn de boekhannel fergees te krijen is by oankeap fan Fryske boeken. It ferhaal oer in jonge Fryske frou spilet him ôf yn Egypte. De haadpersoan wurket dęr foar in staazjeperioade yn in sikehűs. De wrakseling mei har gefoelens en relaasjes komme yn dy folslein oare omjouwing yn in hiel oar deiljocht te stean en de wissichheid fan ‘wat kin my oerkomme’, kriget in fikse knoei.

De boeketoer fan Greet Andringa is de start fan de earste Moanne fan it Fryske boek. De tocht begjint om 10.00 oere op de Bűterhoeke by Tresoar. Om 10.30 oere komt se oan by boekhannel Bruna yn Frjentsjer. Om 11.45 oere wurdt boekhannel Muizelaar yn Koudum oandien. Dęrnei giet de reis nei boekhannel Overdiep op It Hearrenfean. Om 13.00 oere wurdt de skriuwster dęr gastfrij űntfongen. De provinsjale toer wurdt om 14.00 oere ôfsletten by boekhannel Brouwer yn Drachten. Om 16.00 oere stapt de skriuwster yn Ljouwert by Tresoar oer út de bus wei op de kamiel. Se rydt oer it Schavernek en it Ruiterskwartier nei boekhannel Selexyz De Tille, dęrnei giet de reis oer de Weaze, troch de Peperstraat en oer de Nijstęd nei boekhannel Van der Velde. Troch de Kleine Kerkstraat stapt de kamiel letter wer werom nei de Bűterhoeke om de toer ôf te sluten by de boekhannel fan de Afűk.

De jűns wurdt it Kadoboek Los sân op it Boekefeest yn Tresoar offisjeel oanbean."

Nee, ik gaan nyt naar ut Boekefeest ( Cor ok nyt hew ik begrepen...)dat de literęre elite in Liwwarden mut ut sonder fysike inbreng fan de Sneker skrievers doën. Se ręde hun fast wel, dochst ok nyt Van der Wal?

Ik sal tegare met Aly van der Markt nňch wel twee kear un literęr programma fersňrge in dizze maand. Dęrover dan wel mear.





Greet Andringa ( brňn www.moannefanitfryskeboek.nl )