dagboek > overzicht
Dagboek desember 2010Bekiek hele maand 
 
18 desember om 17:22
 
Wiesje Jansma krijt Kerstbal 2010






In un bomfol en sfearfol Hotel De Wijberg het regiseusse Wiesje Jansma út Sneek fanmiddach de Kerstbal 2010 fan Rolling Home in ontfangst nommen. Dizze Sneker onderskeiding wurdt elk jaar útreikt an persoanen dy’t un belangrike bijdrage levere ňf leverd hewwe op kultureel gebied. Fan de reeds 13 benoemde Snekers dy’t de pries earder in ontfangst nimme mochten waren der mar liefst negen dy’t un link hewwe met de múzyk. Ferder twee skrievers, un toneelspeuler en un regisseur.






Fandaach dus de ear an Wiesje Jansma, un frou dy’t ut liefst op’e achtergroan anwezch is su betoogde Rolling Home foarsitter Gerke de Boer. Un frou dy’t har mantsje staat en in ut ferleden al groate produksy’s regissearde. De Boer noemde ‘Spul om neat fan Shakespeare en ut groat openluchtspel ‘ De Fanfare ’ fan Bert Haanstra. Dit jaar kreech ut stuk Robin Hood dat deur Jansma regisseard wurdde de Gouden Gurbe. Foar Rolling Home regissearde de Sneekse Celtic Life, de teaterproduksy węrmet de groep dit foarjaar deur Fryslaan toerde. Ut was dan foar de mannen fan ut Sneker folk & shantykoar ongetwifeld ok reden om Jansma op dizze manier nňch us te bedanke.

Ut tradisjonele konsert ademde fanmiddach un hele ontspannen sfear węrbij’t de ambiaans súver un bitsje an Ierlaan denken deed. Om mij mach ut folgend jaar wel wear in dit autentike Sneker horeka etablissement.