dagboek > overzicht
Dagboek maart 2011Bekiek hele maand 
 
14 maart om 19:27
 
Tňch nňch nieuws dat nijs hyt!






Abe de Vries – Dy’t in hűs fynt op ’e wyn (2011)

It earste poëzijharkboek út de Fryske literatuer bringt daliks mar leafst fiif bondels mei gedichten, ynlęzen troch de dichter sels.

Abe de Vries waard berne op 10 jannewaris 1965 yn Winaam. Yn syn poëzij besiket er in lykwicht te finen tusken syn hjoeddeiske bestean en it ferline fan it Fryske kustgebiet dęr’t er opgroeide. Dęroan besibbe is de tematyk fan de ferlerne leafde.

In part fan syn ferzen spilet yn Súd- en East-Europa en wjerspegelet syn bining mei dat diel fan de wrâld. de styl fan De Vries is byldzjend, sa’t blykt út fersrigels as: ‘Slaan do de bile no mar / yn it achtsilinder motorblok / fan dyn bouhoekster mankelikens.’

Yn 2005 krige Abe de Vries de Gysbert Japicxprijs foar syn twadde bondel In waarm wek altyd.
Hy is dęrmei njonken Trinus Riemersma en Willem Abma de tredde Fryske skriuwer dy’t priis krige foar in jong oeuvre. Yn 2010 naam er sels it inisjatyf om syun fiif bondels yn te lęzen as harkboek. No is ‘Dy’t in hűs fynt op ’e wyn’ ferskynd by Audiofrysk. Fia Luisterrijk is it as download te keap.

“De Vries schrijft poëzie die, letterlijk, van alle tijden is. Imponerende verzen, in een poëtische spreektaal, die nergens verslapt.” (Chrétien Breukers)

Dit harkboek is bysűnder omdat it de earste samling is fan alle fiif bondels fan de dichter. Dy dichtwurken binne yn boekfoarm allinne los te krijen. Dichter Abe de Vries is ek fotograaf, hy hat sels it yntrigearjende omslach fan it audioboek űntwurpen.

Foar mear ynformaasje

Útjouwerij Audiofrysk: www.audiofrysk.nl
Audiofrysk is in aktiviteit fan DAT tekstbureau, Easterwierrum
boek@audiofrysk.nl, tel. 058-2501465