|
|
3 april om 11:58 |
|
‘ Nee leave, no net ’, komise foarstelling Teater Snits
Teater Snits lűkt de lęste jirren grôtfolle sealen. Mar leafst 800 minsken kamen de ôfrűne dagen nei it Noarderkerkteater om de klucht ‘ Nee leave, no net ’, űnder rezjy fan Durk de Vries te sjen. Ik haw der justerjűn west en my prima fermakke. De klucht yn twa bedriuwen is skreaun troch Ray Cooney & John Chapman en yn it Frysk oersetten troch Alle G. Hof. It stik spilet him ôf op’e tredde ferdjipping fan de eksklusive kleansaak Koekoek & Blom. It ferhaal giet oer Rintsje Koekoek dy’t it bont makket wat de froulju oanbelanget en wrot himsels yn de nęsten as sakeman Piter Roskam him te ględ ôf is mei de bontjas, dy’t foar syn maîtresse ornearre wie. Anders Blom makket de bontjassen, mar it spul dat dęr no troch űntstiet moat er neat fan ha, mar hy wol syn kollega ek net ôffalle. Der űtsteane healwize situaasjes mei de nedige ferklaaipartijen. Koartsein in stikje kluchteteater mei as ienige pretinsje it publyk fermeitsje. En dat slagge justerjűn sűndermis! It hin en wer lavearjen tusken foarsisberheid dy’t de taskôger fan fierrens oankommen sjocht en ek wer saken dy’t it publyk net ferwachtet. Eksakt sa’t in klucht węze moat. Glânsrollen foar Jan Sluyter en Leo de Ree, de lęste makket in treflik debút! Lytsere rollen fan Henk Hofmeester, Sjoerd Stenekes en Thom Leenstra. Ek de rollen fan Nicole Hofmester, Syboutsje van der Meer, Frouwke Kuipers, Anneke Hondema, Rudina van Solkema en Tytsia Haringa kinne stik foar stik besjen lije. Kluchten falle en stean ű.o. troch in júste timing, dat wie justerjűn prima! It stik wurdt kommend weekein noch twa kear yn Drylts spile.
|
|