dagboek > overzicht
Dagboek april 2011Bekiek hele maand 
 
25 april om 15:39
 
It's a beautiful day!!





Granytglimkes en Kristus Pavlov
Hagelnije bondels fan Elmar Kuiper en Cornelis van der Wal


Krij sukrekt fia de mail de onderstaande útnoadeging binnen. De son skynt útbundech, niks gyn wear foar échte dichters, mar tňch...

Hjirby noegje Elmar Kuiper en Cornelis van der Wal dy fan herte út
om harren bondelpresintaasje by te wenjen!

Elmar en Cornelis litte fia in beamerprojeksje eigenmakke fideofilms sjen en lęze ek foar
út harren nije wurk.

Sytze Pruiksma en Tsjinlűd jouwe live-ymprovisaasjes en DJ Keu makket syn come-back!
Piter Boersma nimt de presintaasje foar syn rekken en sil ek foarlęze.

Dit barren sil plakfine yn 'e tsjerke fan Britswert op sneon 7 maaie
fanôf 20 oere jűns. Fan herte wolkom!

De tagong is fergees. In frije jefte kin yn 'e molkbus!


Wat: Bondelpresintaasje Elmar Kuiper en Cornelis van der Wal
Węr: Tsjerke Britswert
Wannear: sneon 7 maaie fanôf 20 oere





Later mear over dizze bundels. 'k Bin groat liefhewwer fan ut werk fan dizze beide mannen. Hou op met krimmenearen dat de Fryske dichtkunst doad is. Dy is su levend as't mar kan! Dat der su'n ferrekt bitsje andacht an de Frystalege poëzy besteden wurdt, seit mear over ut literęre klimaat in Fryslaan as over ut werk! Der plat foar met Van der Wal & Kuiper. Fanou 7 mei elke dach un Frysktalech fers op dizze site! Sal sien dat ik dat un maand fol houwe kan. Makje fňlgens mij!! Snekers binne gyn Fryshaters, se prate hier allienech nyt allemaal Frys. Mar dat is heel wat anders!