|
|
13 mei om 18:30 |
|
Obe Postma
Ofskie
As'k ienkear skiede moat- in ljochte dei Yn maaietiid wie my it lichtst- Dan set myn bank, dat iepen foar foar my leit Węr't jimmer't djipst ferlangen hinne teach.
It fine lichem, no in griis te sjen, Leit sűnder macht. Mar yn'e eagen blinkt It goede ljocht, en rook komt fan it fjild; Wat ea myn leafde hie, giet my foarby.
Dan far ik út en stilkes wurd ik wei. Wat oerbliuwt is myn skym; beloaits in net te wreed En nim gjin print fan de te-ploege mom; 't Koe węze dat hja spriek wat better wie ferswijd.
Al wat er foech jout haw ik jimme bean, Bewarje dat; en mei wat leafde tink Him nei, dy't mannich ding syn leafde joech- Sa lang as duorje mei de skiente dy't er wűn.
Obe Postma
Ut de bundel 'Leave deade - Hűndert Fryske fersen oer de dea' gearstâld troch Baukje Wytsma en Tineke Steenmeijer- Wielenga. Utjouwerij Fryslân- Ljouwert 2003
|
|