dagboek > overzicht
Dagboek mei 2011Bekiek hele maand 
 
14 mei om 11:09
 
Lida Dykstra





Frou úle, gedichten fan Lida Dykstra, Utjouwerij Frysk en Frij, 2000



Frou űle


Frou űle weeft har klaad
Dwers troch de skimerjűn
hat se sparkels stjerreljocht
betűft ta banen bűn.

Har mantel slacht se om.
Sa is de dei ferrűn.
Frou űle fielt har kręft,
űntstiicht de waarme grűn.

Sy wit wat ierde skinkt,
wa't foar it lykwicht bliedt,
hoe't alles waakst en bloeit
en op syn tiid fergiet.

En klimt de sinne skier
- ferrekte nije moarn -
falt manteling ta stof,
sjit sy har skelk wer oan.


Lida Dykstra