|
|
15 mei om 21:04 |
|
Edwin de Groot
Edwin de Groot, ' Ik skip ', Bornmeer, 2008
De dyk nei Pake
Pake hat syn lęste klompen kocht
elk de ręch rűn as in raaptepper moatte Pake en de âld dyk tasjen hoe't de tiid har oermânsk is
it ferslyt meldt him mei gers en mosk wrikt yn'e stiennen in wurch moed
it wenstige paad waard sljochte no in roubân Pake wol nei Beppe
de âld dyk ferklonken syn waaltsjes no dissipels yn de ekokatedraal
ik haw Pake syn klompen
Edwin de Groot |
|