|
|
16 mei om 16:02 |
|
Baukje Wytsma
Baukje Wytsma, De dichter swijt. Utjouwerij Fryslân/Afűk, 2005
Lęste liet fan langst
De dichter skriuwt syn lęste liet fan langst op ryspapier dat him ta sylskip teare lit, it glidet út syn hân oer poel en marren.
Sjoch hoe't de wyn it opkrijt en it fleane lit, licht sweltsjetippend giet it nei de ein.
It wetter wisket alle wurden út oant, suver as in bernesile, in lytse wite flagge stykjen bliuwt yn it reid.
Baukje Wytsma |
|