dagboek > overzicht
Dagboek mei 2011Bekiek hele maand 
 
18 mei om 18:10
 
Albertina Soepboer






Albertina Soepboer, De Stobbewylch, Utjouwerij Bornmeer, 2000


Wrâld


It stoarme bűten. Ik stie foar de kast.
Mem struts de lekkens. Yn 'e ruten
fleagen de nuvere puozzebokken.
heit wie op'e seedyk heech wetter sjen.
Ik tekene in grut paleis mei taart.
Oer in pear oerkes soene wy koese.


Letter soe ik dreame hoe't wy ferdronken.