|
|
19 mei om 13:02 |
|
Josse de Haan
Josse de Haan, Rapsody yn stien foar Jerusalem, Koperatieve Utjowerij, 1989.
der hingje keppels ljippen boppe de dyk fan Tel Aviv nei Grut-Jerusalem tusken de bussen en dzjyps de pânserwrakken en de granytblokken mei de nammen en de sifers berte en dea fan de striders dy't fergetten binne sykje sy it iten foar de stimpele aaien letter yn de lege laaikes fan it hege noarden
gelde aaien en deade piken by de rűs in ljipaai sil nea wer fan in ljipke węze
Josse de Haan
|
|