dagboek > overzicht
Dagboek mei 2011Bekiek hele maand 
 
21 mei om 12:31
 
Trinus Riemersma





Argewaasje fűn- Argewaasje jűn, Trinus Riemersma. Koperative Utjowerij, Boalsert, 1996.


Fers 91

jim dy't meilydsum glimkje
om myn iere dea
of gűle faaks
o ja in pear famkes grif
it sil my net mear reitsje
de iensumheid dy't altyd
myn űntwyk wie
dęr sil 'k yn stjerre
jim sil myn lęste wurden
net mear hearre
myn lęste tinzen sil
gjin mins fan witte
en sels bin 'k dochs benijd
oan wa sil 'k tinke as
it grif begjint
oan dy? oan dy?
o leave famkes
dy't my net bine koene


Trinus Riemersma