|
|
22 mei om 17:44 |
|
Jelle Kaspersma
Fan'e Beuch, Fiskersfersen fan Jelle Kaspersma. Koperative Utjowerij, 1982.
learjild
om't der gjin snoekbears mear te fangen wie hiene wy fan klearebare earmoede de botbeuch mar op it sân set bot jilde doe twa kwartsjes it pűn
it wie bargeblak de skipper pluze mei hindrik de bot hy hie hannes oan it helmhout set ik mocht foar it earst de netten helje wy fielden ús hiele hearen mar nei in perkje nei de bliksem de skroef fol gaal fűleindich foar- en efterútdraaien it mes derby bedarren hannes en ik űnder de buiskap botdopje en oerhelje en gjin gedonder mear binnen it kertier hiene wy de fingers ryp foar de kamferspiritus en de joadium
Jelle Kaspersma |
|