dagboek > overzicht
Dagboek mei 2011Bekiek hele maand 
 
25 mei om 17:43
 
Anne Feddema






Reidhintsje op'e Styx, Anne Feddema. Koperative utjowerij, 2005.




De lęste aapkessjonger


De tebekrinnende strjitte
Briedt skaadzjende kopersang
Fan 'e lęste aapkessjonger
Yn 'e reten fan 'e muorre

Té betiid broazelich foarby de bonke
Syn lyrysk lúnsk liet
Dęryn rekke it fynbere ferdwűn
Under âld plasterwurk yn grauwe stien

Libbet syn grien amme fierder

Ut moassige toantriedden
Langjend nei gehoar
Komt hy no stiigjend
Lâns de strjitte
Betrouwend op syn leafste liere

Djip yn 'e oerklaai
Gűlt it sjongerminske
Yn in ferdroege aapkeskloer
It liet fan fergetten wurden


Anne Feddema