|
|
26 mei om 17:22 |
|
Aggie van der Meer
Wachtsje op it daagjen, gedichten fan Aggie van der Meer. Utjouwerij Frysk en Frij, 2004
In tún mei hop en hinnen
Ik hoech oars net as in tún mei hop en hinnen, út en troch wat winter of it Noarderljocht;i it binne net de dingen dęr’t it lân om freget.
De fretten letters binne de ferkearden, se waakse út űntwijde grűn ferkrachtsje de mem fan ’e ferlerne striid.
Ik hear net praten oer de skriezen, barsten yn it glęs, it bloed gearrűn op myn fingers. Se sjogge nei de fammen ivich jong en moai,
Ik wit hoe ’t de dea rukt, swietich, rotsjend, hoe ’t de rook bedjert fan będstrie, huzet yn ’e eagen fan bern, op ’e műle fan ’e leafste.
Aggie van der Meer
|
|