dagboek > overzicht
Dagboek mei 2011Bekiek hele maand 
 
27 mei om 18:05
 
Piter Yedema






Manneboete, sonnetten fan Pieter Yedema. Koperative Utjowerij, 1991.


I

In blom dy't har űntjaan wol middeis ier,
begjint sa ien fan Kalma syn sonnetten?
Hoe 't fierder gong is my op 't stuit űntsketten,
dat ik ferfetsje mar op myn menier.

Blommen, hoe faken ha wy dy al metten!
Se binne net echt, se libje fan pepier
har rookleas eintsje libben sűnder tier;
In hoart sa koart en elk is har fergetten.

Der skimer't my al eat fan foar de geast:
Syn twadde rigel rymde dochs op - iuwt?
Hy sels teart iepen as syn blommen earst,

en bleatjaan sil er him yn wat er skriuwt.
Soks bart net faak en bart it al dan meast
as hiel de simmerloft yn ljochtgoud driuwt.


Piter Yedema