|
|
28 mei om 18:51 |
|
Jan J. Bylsma
Lyts mar krigel, Jan J. Bylsma, Friese Pers Boekerij bv, 1992
Op syn oaiedoaie
is dat him no tocht de jonge fan tolve dy't foar it earst ús abe seach
de man hie al fiif kertier net altefolle dien as hied er gjin belang
mar doe naam er de bal op 'e holle kuiere sa dy grutte delgrosso en noch twa man foarby liet doe sleau de knikkert op 'e slof falle en knalde 'm deryn hiel bedaard links űnder troch in műzegatsje
doe slofke er werom nei de middenstip op syn oaiedoaie
Jan J. Bylsma
|
|