dagboek > overzicht
Dagboek mei 2011Bekiek hele maand 
 
30 mei om 16:04
 
Joop Boomsma






Dlaai is griis novimber, Joop Boomsma. Utjouwerij Venus, 2009.




Fabryksloane



Hjoed bin ik nei de wâlden gong
om it doarp te sjen,
wčr te sjen:
Houtigehage-
it doarp fan doe’t ik jong wie.


De fabryksloane
rin ik op en del:
dęr wenne pake Jehannes
mei beppe Hiltsje
dy’t de bôle rjochtop
tusken har grouwe boarsten sette
en my, glimkjend, noait oars as glimkjend,
in fikse timpe snie.


In eintsje fierder
it húske fan Ielkenielkje:
pake en beppe
fan memmenkant.
Pake Ielke
befielde my de fuotten
en makke klompen
alhiel op maat.


De Fabryksloane fan hjoed
ropt wertinkens op-
safolle, tefolle
ynienen.
Jo kinne samar fersűpe yn’t ferline.



Joop Boomsma