dagboek > overzicht
Dagboek mei 2011Bekiek hele maand 
 
31 mei om 18:25
 
Tine Bethlehem






Swietroken & koperblazers- Tine Bethlehem, De Oare Utjouwerij, 1995.



as it libben licht is




as it libben licht is: nim it,
en leafst: nim noch wat mear.

garje roazen yn soarten oerdeis
swietroken en koperblazers yn 'e jűn
koel drinken en sinneskyn
ferpak dyn sliep yn moaie dreamen.

Bewarje yn de laadsjes fan 't űnthâld
dit allegear.

En foar no:
skilje dy iene alderleafste leaf
en freegje oft er frije wol
no 't it libben licht is.



Tine Bethlehem