|
|
24 november om 16:13 |
|
Hoofdpersoan út roman fan Anne Wadman op CD
En nňch mear BLIJ MET DEN BLIJDEN nijs. Lees onderstaand Frystalech persbericht mar even:
Juster wie de presintaasje fan de nije CD fan Grytsje Kingma. Ien fan de ferskes giet oer Eelkje, de frou dy’t de haadrol spilet yn de roman “Smearlappen” fan Anne Wadman. Dat boek joech in protte opskuor yn de jieren sechstich.
It ferhaal giet oer in jonge frou dy’t troch tadwaan fan ferkearde manlju (smearlappen) űngelokkich wurdt. Grytsje Kingma hat dizze ballade spesjaal skreaun foar de Fryske lęsbefoarderingskampanje Fryslân Lęst yn Toppers, dy’t ferline jier holden waard.
Op de CD “Wytfear” steane 14 ferskes oer allerhande ferskillende deistige űnderwerpen. Tagelyk mei de CD, presintearre Grytsje Kingma har nije tekstbondel “Tűzen dagen”.
Kommende sneon, 26 novimber jout Grytsje Kingma in optreden yn de Goede Herderkerk yn It Hearrenfean. It begjint om 15:00 oere en de tagong is fergees. Foar ynformaasje en oanmelding: www.grytsjekingma.nl
|
|