dagboek > overzicht
Dagboek jannewary 2012Bekiek hele maand 
 
26 jannewary om 18:28
 
Moai literatuernieuws út Fryslaan & Sneek





Hilda Talsma


Onder ut mom fan weest blij met de blijden fandaach andacht foar de debútroman fan Hilda Talsma: De twadde hűd.
Hieronder de info dy't op de achterflap fan ut boek staat:


Elske hat in opstannige dochter, in man dy ’t nei in űngeluk de moed opjűn hat, mar dochs docht se har bęst om wat fan har libben te meitsjen. Lykwols, djip yn harsels heakket der wat.

Se tinkt dat in lytse poppe har libben kompleet meitsje sil, mar dat kin net mei Sjoerd, dy is űnfruchtber. Se sit sa fol fan har bernewinsk, dat se op in stuit yn beskonken tastân in drastysk beslút nimt. Mar de keardel dy't se útsiket om har dream útkomme te litten, foldocht likemin oan har winsk. Se hat sa'n spyt fan har domdrystens dat se har djip skammet. De jűns foar de merke set se him oan ’e dyk, mar dęr is hy it net mei iens.

Sjoerd docht űnderwilens hieltyd mear syn bęst om yndruk op har te meitsjen en it liket wol oft se wer wat nei-elkoar ta groeie. En dan stiet dy âlde, bekende karavan op it merketerrein. Oantinkens fan mear as tweintich jier lyn komme yn alle fűlens nei boppen. Unferwachts stiet se each yn each mei Ronny. De grins tusken froeger en no is ynienen fuort. Węrom is er samar wer yn Frisum?
Yn dit tige libbene en humoristyske boek lit Hilda Talsma sjen dat se omraak fertelle kin. Noflik om in jűn by wei te dreamen, mar it set je tagelyk ek oan it tinken.






Nieuwe útgeverij





Un ander blij bericht kreech ik fan Louwe Dijkstra. Lees mar even met wat Louw mij mailt:

Beste skriuwer/skriuwster mei wa’t ik yn it ferline mei in soad nocht boeken makke ha,


Sűnt juster is de website fan Wijdemeer de loft yn: www.wijdemeer.nl Ik ferwiis jim der graach nei, want op de website is werom te finen watfoar konsept ik foar eagen ha mei myn nije útjouwerij. De fűnslist is no útsoarte noch lyts, mar sil fluch oangroeie, want ik bin op dit stuit al fierhinne klear mei in tal boekprojekten en ha ek nochris in tsiental op steapel stean.

It binne hast allegearre non-fiksje boeken, wat Frysktalige fiksje oanbelanget bin ik noch oan it sykjen nei in foarm om dat rendabel dwaan te kinnen.
As jim op de hichte bliuwe wolle, kinne jim jim ynskriuwe foar de nijsbrief.

Wijdemearske groetnis

Louw Dijkstra


Dichtersavend bij Vellinga





Dichter en 1 fan de ňrganisatňrs fan Groate dichtersavend: Cornelis/Knilles/Cor van der Wal


En nou aansens naar Café Vellinga! Gelukkech bin ik nyt allienech. Dizze broeders & susters in de poëzy komme ok:


Heidi Andringa, Wim Beckers, Dien de Boer, Piter Boersma, Egbert Born, Han Bosma, Ibo-Jan Bosma, John Bosma, Piet Bult, Job Degenaar, Michel Dijkstra, Tim Dijkstra, Bart FM Droog, Melvin van Eldik, Anne Feddema (opname), Edwin de Groot, Marijke de Haan, Tsjisse Hettema, Hein Jaap Hilarides, Wopkje de Jong, Simen de Jong, Hiltsje Jongsma, Sigrid Kingma, Michiel Klont, Marc Kooij (dj Keu), Jan Kooistra, Aafke Koster, Wietske Krist, Aggie van der Meer, Simon Oosting, Peter Popma, Ridzert Postma, Kate Schlingemann, Jacobus Q Smink, Anske Smit, Geart Tigchelaar, Henk van der Veer, Tryntsje van der Veer, Siem de Vlas, Daam de Vries, Cornelis van der Wal, Hans Westin, Syds Wiersma e.f.a.