|
|
18 júny om 17:03 |
|
Slachte in poëzy
Om nňch even goëd ou te kicken un poëtise bijdrage over de Slachtemaraton fan 2012. Ik hew saterdach un antal brothers in de poëzy op’e kyk setten. Hierbij dy foto’s en de fersen dy’t sij skreven hewwe. Se staan ok in ut spesjale Slachtemaraton boekje. Op'e laaste foto Sneker dichter Cornelis van der Wal, hij droech saterdach ok fersen foar.
Wolsto
wolsto in eintsje swinne dy samar driuwe litte op myn siken
witsto noch hoe’t it fielt as de see har fűst krôlet, de floed ynbrekt as in wurge dief o leafste
hearsto ek hoe’t it wetter himet en tsjin’e wôl batst, hoe’t it oer de râne rinne moat
hoe’t de sulverkobben oan’e floedstripe krite, krite
Elmar Kuiper
Alde Gryk: De Siel
Mei blauwe longen fol soele sudewyn en eagen spegels fan steapelwolk en see stapt in âlde Gryk-dyn siel- de fierte yn.
Beide fuotten tinke teffens: ik ferbyn de fiere ein mei it begjin en bin ree mei blauwe longen fol soele sudewyn.
De ględe noas, glânzgjend fan gerzige skyn, efternei en de mythe fan it kâld stee stapt in âlde Gryk- dyn siel – de fierte yn.
It kin foarút- wier, it kin- nei it fenyn yn de katleavjende sturt weidet it fee mei blauwe longen fol soele sudewyn.
Mei műlen folrűne műle en lang lyn leafdesykjend wurd, o griene odyssee, stapt in âlde Gryk-dyn siel- de fierte yn.
Oan’e ein-de see! De see!- dy’t, mylde skyn, gjin ein is, doch katharsis foar klacht en wee: mei blauwe longen fol soele sudewyn stapt in âlde Gryk- dyn siel- de fierte yn
Tsjębbe Hettinga
Kom leafste, it is al let
It fjoer dat sa baarnde dat it iis der fan raande. De wyn en de dize foar de dwaas en de wize. Dat it libben in lust hie en de lust ek in doel wie. De rein yn it wetter, wat stiller wat better. Dat wie fierwei it beste, de earste de lęste.
It ljocht yn’e eagen. It skűm op’e weagen. De swietrook, de greide en psalm hűnderttrije. Lyts wie de merke en oeral in tsjerke. Węr’t eltsenien song. De jarre, de dong. It iis op’e sleat. Der feroare hast neat.
It begrutsjen ferskynt en de moanne ferdwynt. Aanst is’t sa fier. De kop wurdt sa swier, it fleis och sa min. Kom leafste, ik gean. Hark nei de fűgels It liet sűnder ein. Fan alle tiden mar der wurdt hast neat sein.
It giet oer de leafde fierwei it meast. Dat ivige sjongen is ús ta treast. En wat sil we sjonge. It hert út de longen oer alles wat wie en ea bestie. It paad der hinne kin elts wol rinne. Kom leafste, ik gean, it is al let. De wei werom ferjit my net.
Gerrit Breteler
|
|