dagboek > overzicht
Dagboek september 2012Bekiek hele maand 
 
10 september om 19:18
 
Moanne fan it Fryske Boek





Fan 14 september tňt en met 14 ňktober is ut wear de maand fan ut Frystalege boek. Elk jaar, dwars teugen alles in, ferskine der wear Frieze boeken. Ik bin der blij met, want hoe bonter en groater ut Fries taalboeket, hoe liever ik ut hew. Ik hou nyt fan ééntalechheid, ut is mij feulste saai om gebrúk te maken fan één taal. Ik bin aktyf mear talech! Foarege week kreech ik fan de AFUK, een fan de weinege Frystalege útgeverijen nňch, un drytal nieuwe romans. Graach wil ik der hier even reklame foar make. Ik kan gynéén ferplichte om de boeken te lezen, mar nňch us, der overkomt je ok niks fan at je Frystalege romans en Frystalege dichtbundels leze. Ut is púre taalrykdom!


Rekkenskip fan Harmen Wind






Daniël Műnema, sechstich, earder direkteur fan in suvelfabryk en no krekt mei betider pensjoen, is allinnich thús. Op it doarp stiet er bekend as in man sűnder wryt of slyt. Syn frou is trije jier tebek weirekke, de bern binne de hűs út. Hy pielt wat om en tinkt nei. 'Myn frou, Annemarie, hold fan my, mar hat se my oait kend? En myn bern?' Net dat er in rol spile - hy spile yn op elke situaasje dy't him foardie. Is hy wol wa't oare lju tinke dat er is? Of sterker noch: is hy wol wa't hysels tinkt dat er is?


Smelle Spoaren fan Popke Popma





Klaas Hoogendijk is al jierren by de plysje op it plattelân. As syn maat yn de fut giet en hij in nije kollega kriget, wurdt it foar him in hiele feroaring.
De frou wiist nei it wetter. Op in plak dęr't gjin reid groeit, beweecht op de kadâns fan de weagen in lichem foaroer op en del. De Holle stjit ek yn kadâns tsjin de betonnen râne.

Omskriuwing fan Wibren Altena - In swalker yn 'e geast





De lieten en gedichten fan dichter en foardrachtskeunstner Wibren Altena (1917-1987)hearre ta it meast nijsgjirrige wat der op it męd fan de ‘kleinkunst’ yn Fryslân op de planken brocht is. De Makkumer dichter en foardrachtskeunstner publisearre al foar de oarloch syn earste gefoelige en filosofyske fersen. Tsien jier letter luts er yn Fryslân folle sealen mei syn mear dan aparte satiryske en humoristyske foardrachten, dęr't de Ballade fan Longerhou hast wol de bekendste fan is. Yn 1956 ferhuze er nei Rotterdam en die hy de doar nei syn eardere bestean achter him ticht. Trije jier nei syn dea waard syn wurk bondele yn De laitsjende wierheid.

Bennie Huisman (1947) brocht dat wurk wer ta libben yn in muzykteaterfoarstelling: De wite walfisk. Yn dit boek siket er de man achter dat aparte oeuvre en folget him troch de tiid, net inkeld yn Fryslân, mar ek yn de jierren dęrnei.
De auteur krige foar it skriuwen fan dit boek in wurkbeurs fan it Nederlands Letterenfonds.

De CD achter yn it boek befettet histoarysk materiaal: in sântal lietsjes songen op de wizen sa't dy yn de tiid fan it űnstean brűkt waarden en sân foardrachten troch Wibren Altena sels (út de argiven fan Tresoar).

Lietsjes cd:
Tusken dyk en peallen
Maitiidsmoarn
Beppe Styntsje
Libbenssee
Liet fan de hangploech
Widzesankje
Peallesang
Buerfrou's kipen

Foardrachten cd:
De Hazze
Wetterfaam
Kommmiis
Grutte Pier
De Boer
Maartmoanne
Frysk eksamen