dagboek > overzicht
Dagboek desember 2012Bekiek hele maand 
 
12 desember om 18:04
 
Presentatie De Greidhoeke





Op zaterdag 8 december is het boek "De Greidhoeke - Lân en minsken fan 800 oant 1800 en letter" van Philippus Breuker gepresenteerd. Uit de flaptekst:

Dit boek giet oer de Greidhoeke, it klaaigebiet fan greiden, terpen en âlde diken tusken rűchwei Ljouwert, Snits, Boalsert en Frjentsjer. Troch de ieuwen hinne hat it yn in soad opsichten in eigen gesicht krigen, sosjaal, ekonomysk sawol as lânskiplik. It boek bestrykt sa’n tűzen jier, fan likernôch 800 oant 1800, mei gauris in útloop nei ús tiid ta. It is skreaun yn de oertsjűging dat de kombinaasje fan kennis op űnderskate gebieten liede kin ta nij ynsjoch, net allinnich yn de ferskillende ferskynsels sels, mar ek yn har gearhing yn de tiid. It ferbynt de grutte linen mei de meast konkrete bysűnderheden. Sintraal stiet hieltyd de fraach hoe’t dingen űntstienen en feroaren. In soad fan earder is noch om ús hinne. Sa jout it boek net allinnich in byld fan wat west hat, mar it sil ek hieltyd wer treffe troch de parallellen mei de eigen tiid, en dat net allinnich foar de Greidhoeke. In register op persoans- en plaknammen en in fikse gearfetting yn it Nederlânsk űntslute de rike stof.

Ph. H. Breuker wurke by de Fryske Akademy en wie bysűnder, respektivelik gewoan heechlearaar Fryske taal- en letterkunde oan de universiteiten fan Leiden en Amsterdam.

Ph. H. Breuker
"De Greidhoeke - Lân en minsken fan 800 oant 1800 en letter
480 blz. genaaid gebionden, € 25,00