|
|
21 desember om 19:41 |
|
Hűnewacht: twadde bondel Simon Oosting
"By it skriuwen fan dizze bondel haw ik minder wraksele mei de foarm as yn eardere gedichten. Ik moat frij oan in gedicht begjinne kinne, wit ik no, oars wurdt it neat. Myn fersen hawwe ek hast allegear in byld as basis. By in protte fersen heart dan ek in skilderij dat faak parallel oan it fers űntstiet. Dat byld haw ik earne yn my en hoecht net perfoarst op doek te kommen, mar it helpt wol."
"Elemintęre, om net te sizzen argetypyske saken foarmje myn wichtichste tematyk. It wurd ‘argetype’ is ek wichtich yn myn wittenskiplik wurk. De kearnfine yn it deistige gean en kommen, it werkenbre oantsjutte yn it bysűndere en it bysűndere yn it werkenbre, dat komt hieltyd wer boppe driuwen yn myn dichtwurk. It earste skift fan dizze bondel hat as titel ‘toatems’. Dy toatems ferbine in ‘clan’, in famylje en de foarâlden mei de libbenen. Dat skift hat alles te krijen mei de dea fan ús heit. It twadde skift, ‘de elegiën’, giet oer dingen dy't wichtich binne, mar ferlern gongen binne, it tredde skift, ‘it sinjaal de tekens’, hannelet oer de needsaak om te bewegen. En yn it fjirde skift, ‘nomade te stee’, komme it statyske en de dynamyk by inoar."
Simon Oosting (1959, Skarsterbręge) debutearre as dichter yn de Moanne mei it fers 'Midsimmer' en publisearre neist de Moanne ek yn Hjir. Yn 2004 krige er foar syn gedichtesyklus 'Yn 't foarbygean' de Rely Jorritsma-priis takend. Yn boekfoarm debutearre er yn 2007 mei de dichtbondel 'Rauwe fisken op wynfearwolkens' dęr't him in jier letter de Fedde Schurer publykspriis foar takend waard. Neist it skriuwen fan proaza en poëzij hâldt Oosting him oan de universiteit fan Wageningen dwaande mei de Tropyske feehâlderij by de ôfdieling dierwittenskippen.
Boekgegevens:
Hűnewacht / Simon Oosting Utjouwer: Afűk ISBN: 978 90 6273 932 5 Siden: 64 Ferkeappriis: € 15,00
|
|