dagboek > overzicht
Dagboek maart 2005Bekiek hele maand 
 
2 maart om 11:57
  “Ambulânses by brânwachtkasernes, 2-3-2005

De Centrale Post Ambulanceferfier hat
grutte problemen, omdat ambulânses op
deselde minne diken ride moatte as it
oere ferkear. Dęrom wurde der
sike-auto's by brânwachtkasernes yn de
provinsje delset.
Mocht der in needoprop węze, dan kin in
brânwachtauto foarop ride en de sikeauto
yn it spoar mei. Minsken dy't in
spoedgefal melde wolle en help nedich
hawwe, kin gewoan 112 belje.”

Dit bericht hew ik krekt fan de website fan Omrop Fryslân ouhaald. Su’t ik ut foarege uur skreef gingen hier ňk ambulânses deur ut dňrp, mar gyn brandwearauto foarop. Spitech genoëch moest de sikenauto hier wel in de Hommerts weze. Un doarpsgenoate skynt de heup broken te hewwe en dy is nau richting Sint Antonius in Sneek. Sneeuw dęr hewwe je dry kear last fan! Op dit moment leit de groate deurgaande dyk der al wear knap bij. Mar der wurdt amper riden. Kerst Boomsma, in syn frije tied is ie bussjauffeur, skriëft fandaach op syn weblog (http://kaabee.blogspot.com ) un prachtech stukje over un winter lang leden. Hearlek nostalgys, over finen en grouwen! Later op de dach mear.