|
|
28 maart om 12:35 |
|
Indrukwekkende Emigrant
Gisteravend naar Teater Sneek weest foar de foarstelling De Emigrant. Ut is de earste produksy fan Stichting Pier21 fan teaterprodusent David Lelieveld en akteur Theo Smedes. De laaste speult met Freark Smink op imponearde wize ut stuk dat skreven is deur Romke Toering, dy’t ok de regiseur fan De Emigrant is. Op’e site fan de pruksy, www.de-emigrant.nl lees ik:
“ De Frysktalige teaterfoarstelling De Emigrant, skeaun en regissearre roch Romke Toering foar stichting Pier21, fertelt it ferhaal fan Sybolt de Haas (Freark Smink), in emigrant dy’t goed fyftich jier lyn yn sân hasten de oséaan oerstuts nei Kanada. Hy hat it as emigrant net maklik hân. Mar it is him slagge om in ridlik grut en goedrinnend boerebedriuw op te bouwen. De Haas hat noait wer nei it heitelân werom west. Hy woe net, seach der tsjin oan, wie der faaks wol bang foar. No’t er út it wurk is, is der gelegenheid om oan de winsk fan syn ferstoarne frou te foldwaan: hy makket in trip nei syn roots yn ‘e Greidhoeke. De soan (Theo Smedes) sil him foar it earst mei de melkerij ręde. Twa aventoeren tagelyk. De reis nei it heitelân wurdt foar de emigrant oan alle einen en kanten konfrontearjend.”
Frystalech toneel in Sneek, is met deur de bloeiende toneelfereniging Teater Snits, de laaste jaren geweldech populęr wurden. Ut ferwonderde mij dan ok helemaal nyt dat de kultuurtempel fan Sneek gisteravend finaal úrferkocht was. Prima resęnsy’s, dy in ut Friesch Dagblad fon ik overigens mar un bitsje súnech, speule úteraard met dat der flucht op’e koai komt.
Mar ut is tňch foaral ut fenomenale toneelspeulen fan Freark Smink dat minsen naar de teaters en dňrpshúzen trekt. Dizze akteur het um ut ferhaal ( wat un allemachtegste soad tekst ! ) fan Sybolt de Haas su eigen maakt dat hij ut nyt mear speult, mar fertelt. Futdaleks in de earste de bęste sin weet ut públyk węr’t ut om draait: ‘Ik ha myn hiele libben űnwennich west.’ En dan komt ut imponearende relaas fan Sybolt de Haas. Der is gyn ontkommen mear an, ut públyk wurdt helemaal metsogen in ut levensferhaal fan de Emigrant.
Un prachtege rol is der foar Theo Smedes, un jonge akteur dy’t in fier ferskillende personaazjes dienend wurdt foar Freark Smink. Ut talent fan Smedes spat der af, helemaal in syn rol as LC-sjoernalist Aslan.
Dizze Aslan is heel herkenber foar Snekers, nyt allienech deur syn taalgebrúk mar ok deur syn levenshouding: In ut earste plak foël ik mij Sneker, dęrna Turk en dan Hollander! Wie sei dat oait ok al wear? Inderdaad Omer Kaya! Ut Frys Statelid met Turkse roots was gisteravend foar de tweede kear bij de foarstelling en stak syn waardearing nyt onder stoelen ňf banken. Herkenning was foar hem ut sleutelwoard.
Ut ferhaal dat Romke Toering skreven is izersterk. Dizze auteur het um helemaal ingraven in de problematyk, de belevenissen fan Emigranten. Ut skript is deurleefd tňt in elke sin, dy’t deur toedoën fan Smink & Smedes ferfňlgens tňt leven brocht wurde. Un absolúte anrader dit stuk!
Foto's komme fan de site www.de-emigrant.nl en binne fan Jan Bensliman |
|