|
|
24 júny om 18:49 |
|
Eelko Napjus & Grytsje Weening
Op 18 mei kňrtleden kreech ik un heel aardech mailtsje dat ik jum hier graach even leze laat:
Beste Henk van der Veer,
Ik ken dy noch fan myn staazjetiid op'e basisskoalle yn De Hommerts en ha dy letter wolris heard foar Omrop Fryslân as Sneeker dichter. Datsto in rasechte Sneeker bist is de reden dat ik dy dit mailtsje stjoer.
Fan'e middei krige ik fan in omke fan myn oare helte in boekje yn hannen út 1826. It giet om it boekje "geschiedkundige kronijk en beschrijving van de stad Sneek, door E Napjus".
Foar ien dy't fan de skiednis hâldt in tige nijsgjirrich boekje. Dit boekje beskriuwt- en dan sitearje ik út it boekje- "den aanbouw en bloei van deze stad, benevens zeer vele merkwaardige bijzonderheden, daartoe betrekkelijk, in zich bevat, dat met het jaar 1230 aanvangt, en met 1772 eindigt.......
Der steane ek nammelisten yn fan ű.o Leden van het Stedelijk Bestuur ,van de jaren 1506-1795.
Ik mei it boekje fuortjaan oan immen dy't der ynteresse yn hat. Dyn namme kaam my ynienen yn't sin. Stelst belang yn it boekwurkje lit it my dan mar witte.
Groetnis, Grytsje Woudstra-Weening, Dokkum (hikke en tein te Wâldsein)
============
Nou, sęch nou self dat is aardege digitale post! Ut overkomt mij wel us faker en ut sal ongetwifeld te maken hewwe met dit weblog dat ok deur un soad lui fan búten Sneek lezen wurdt.
Grytsje het mij ut boekje ondertussen brocht en ik mut sęgen dat ik der freeslek wies met bin! Prachtech, un boek ( gyn boekje !! ) fan hast 200 jaar oud over Sneek. En ut rúkt ok su lekker oud! Ik had de re-print út 1969 wel, mar dit overtreft al myn ferwachtingen. Het un eareplakje op myn plank met boeken over en fan Sneek. Tige tige dankt Grytsje!
|
|