dagboek > overzicht
Dagboek júly 2013Bekiek hele maand 
 
16 júly om 16:35
 
Humoristyske ferhalebondel fan Auck Peanstra





By útjouwerij Afűk is in nij boek ferkynd fan Auck Peanstra. It is in bondel humoristyske ferhalen foar en oer bern yn de boppebou: De boel op stelten.

Mei aktuele tema’s as pesten, stalke, bernepostsegels ferkeapje en sekssites, mar ek oer aventoeren mei sjitterij, stellen, grapkes mei de kompjűter en anty-helden.

De bondel is te keap by de boekhannel en kostet €12,50.