dagboek > overzicht
Dagboek ňktober 2013Bekiek hele maand 
 
15 ňktober om 11:34
 
Dű komst my net mear oan’e bealich!





Wreed en nyt su’n bitsje ok, dat binne Wâldpiken. Wreed in’e moan wel te ferstaan én earlek. Op ’e afdeling cardiology fan ut MCL hadden se hem un paar dagen leden holpen an nieuwe hartkleppen. Dat hij tidens de operasy un klaplong kreech was nou nyt bepaald de bedoëling weest en de drain dy’t de sjirurgen ferfňlgens anbrochten had nyt plak fonnen onder algehele ferdoving.

Oans frynd út Twizelerheide bearde bij ut wakker wurden dat hij miskyn wel doadgaan sú. Ik sach um met groate deur de termadol opensperde ogen an. ‘ Falt wel un bitsje met nyt jonge…’

Ik kreech gelyk, nňch gyn dry dagen later spaande hij mear op’e gangen om as in oans 4-persoanskamer. Op donderdach bleef hij wel un heel skoft fut. Toen ik um froech węr’t hij su lang weest was grommele hij un bitsje.

‘ Ik haw even mei treje fan dy mantsjes yn sa’n lyts keamerke west. Ik haw tsjin dy iene dokter sein dat hij de wierheid net sprutsen hie. ‘ Ik kan U niet verdoven als ik Uw gebit moet trekken ’, dat hie er tsjin my sein. Hy frege ek noch oft der fjouwer kieskes stean litte moatst.

Ik haw him dúdelik makke dat ik gjin knyn wie no?! Letter hearde ik fan in omkesizzer fan my dat lűke űnder narkose wol koe. Doe ha’k my in bytsje nei him foaroerbűgd en haw ik him dúdelik makke dat hy my noait en dan ek noait wer oan’e bealich komme soe. Sy moatte my net foarleugenje. Tsjin dy twa oare mannen ha’k sein dat se it flauwe praat oer ‘ niet roken’ my wol besparje koene. Soks regelje wy sels wol. Ik sil nije wike mei elektys roken begjinne. Wol apart oars dat se hjir yn sa’n MCL in apart rookhok hawwe. Fynstű ek net? ’

Ik antwoardde nyt, froech um nňch wel even ňf ik un foto fan un make mocht, omdat ik hem su bysonder fon.

‘ Fynstű dat? ’

‘Ja!’

‘ Dan moat it mar węze, ik sil der even foar stean gean…Wol graach in bytsje dwers! ’