dagboek > overzicht
Dagboek jannewary 2014Bekiek hele maand 
 
6 jannewary om 20:34
 
Nieuwjaarsresepsy SWF: twee toespraken...





Aflopen frijdach kreech ik un telefoantsje fan burgemeester Hayo Apotheker met ut fersoek ňf ik ok enkele woarden sęge wú tidens de nieuwjaarsresepsy fan de gemeente SWF.





Over suksoarte fan fersoeken hoef ik noait lang na te denken: Ja dus, at der mar gyn sensuur toepast wurdt. 'No problem...' foar de earste burger fan SWF. Hieronder, foar ut nageslacht, de toespraak integraal.





Achte dames & hearen, haré!

‘ Wat un oubollech promofilmke ’, dat even foaraf. Su’n burgemeester kan ut mar moai sęge, de boustiennen węrmet Hayo Apotheker ut aflopen weekend dizze nieuwjaarstoespraak in mekaar metselde kan besiën leie. Mar it is mei sizzen net te dwaan.

Want laat oans earlek weze, un burgemeester is en bliëft un foarbijganger, krekt as al dy wethouwers fan oans megagroate gemeente Súdwest-Fryslân. Er kan dan wel geschreven worden dat burgemeester Apotheker per 1 januari 2014 de baas over 74 kernen is, mar su salle wij nyt, lauloëne op syn Snekers. De gemeenterie hat it nňch altyd foar it sizzen en dat sil yn 2014 ek moai sa bliuwe.

Uteraard foëlt oans burgemeester suks haarfijn an, hij weet dat het volk een machtige stem heeft. Vox populi ňftewel zou jij na mijn toespraak enige verbindende woorden tot de mensen van ús gemeente wille sizzen, klinkt het op vrijdagmiddag in typische Hayo Apotheker Frysk bij mij door de telefoon. ‘ Jaseker burgemeester, graach burgemeester, an ut begin fan ut jaar stel ik mij graach posityf op en un bitsje toneelspeule kan ok gyn kwaad. En waar kun je nu beter toneelspelen dan in het theater aan de Westersingel…’

Want dat is het wel, ŕl die nieuwjaarstoespraken in de eerste week na het kerstreces. Toanielspylje, jim yn’e seal dogge der allegear oan mei, want terwyl de boargemaster al dy moaie waarme wurden oer jim hinne struit, tinke jim al lang ‘ man hâld op, ik ha sin oan in slukje , in pilske of in Cola light ’.

Oer sa’n taspraak is neitocht troch de meiwurkers fan it kabinet fan de burgemeester. ‘ U moet vooral de dorpen Raerd, Dearsum, Poppenwier, Tersoal en Sibrandabuorren even speciaal van harte welkom heten’ is een van de adviezen voor de toespraak. Sit der mar net oer yn, dat de Bee dizze doarpen ferjit, sterkernňch foardat der offisjeel sprake fan wie dat it hânfol plakken ten noarden fan Snits bij Súdwest-Fryslân komme soe wenne Apotheker der al. Had hij bij wize fan spreken de amtsketting fan Raarderhim al om de nekke hangen. Dizze feramelt amtskettings! Nee, dy Tersoalster Apotheker is absolút gyn Sneker. Trouwens ynwenners fan Raerd, Dearsum, Poppenwier, Tersoal en Sibrandabuorren, jim hoege net oer jim nije status as Súdwesthoekers yn te sitten. Jim bliuwe simpelwei ynwenners fan Raerd, Dearsum, Poppenwier, Tersoal en Sibrandabuorren. Ik heb nog nooit iemand horen beweren dat hij in een gemeente woont. Je woont in een dorp, een gehucht of een stad. Punt út. Trouwens je mutte wel un geografise onbenul weze deur te bewearen dat de dorpen ten nooarden fan Sneek in Súdwest-Fryslân lęge. At je suks beweare lęge se in Staveren in un deuk.
En tňch is der fan ouds un ferbining tussen de steden en dňrpen in oans gemeente. Ik lees dęrom ut fňlgende fers foar út de bundel Spoetnik:

Balerina’s, stront en sure bommen

wat hadden wij nou met de feemerk?

su nou en dan baltsje hoochhouwe
in’e betonnen bargehokken
dy’t nňch núver rúkten
- één kear stuite mocht-
alles op technyk

en op dinsdachmňrrens
in ‘e paasfakaansy tussen
al dy feekooplui omstrúne

de stank fan migende koeien
sturten kearsrecht omhooch
de stront dy’t dampte
op’e kouwe klinkers

deur de beslagen rúten
fan Vellinga syn kafee
blau fan ‘e sigarerook
kieke naar ballerina’s
met witte skňrtsjes foar
dy’t feehandelaars in lange
keky-kleurege stňfjassen
met pňrtefully’s an kettings
de slukjes foarsetten

tussen de feewagens en frachtauto’s
setten wij de tannen begearech in
su’n sure bom
- één dubbeltsje mar –
ut was fakaansy

tsja wat hadden wij
- Sneker jonkjes-
nou met de feemerk

De veemarkt is er sinds de vorige eeuw al niet meer, wat foarbij is dat het weest! En toch blijft die binding er van oudsher, de hele Súdwesthoek, maar ook inwoners ten noorden, ten oosten en ten westen van Sneek kwamen op deze plaats samen. Een plek waar dat nog immer gebeurd, is het Antonius Ziekenhuis. Daar waar zo goed gewerkt en verzorgd wordt dat ik nog altijd zeg het Sint Antonius Ziekenhuis.
Van achterom zien krijg je een stijve nek. We leven nu in 2014, het jaar van al weer een gemeenteraadsverkiezingen. Nogal wat burgemeesters refereerden er in hun nieuwjaarstoespraken aan. Laat het alsjeblieft niet zo zijn dat de Partij van de Thuisblijvers op 19 maart weer de grootste wordt. Onverschilligheid is het grootste gif van deze tijd. Koester de lokale democratie stap van je eigen terp af, kom in beweging en zing een loflied, al is het nog zo klein op ons gemeente:

Lyts lofliet op Súdwest-Fryslân

net yn al dyn doarpen, dyn seis stęden bisto it meast dysels,
ek net yn dyn marren, fearten & puollen, dyn lânskip,
of likemin it skűtsjesilen, it ringriden, it fierljeppen of it keatsen
de wylde wolkeloften , de fiere kimen op in kâlde winterdei

it is it bűnte selskip fan minsken, it deechlik Súdwesthoekfolk
fan stęd en plattelân- yn al har ferskaat oan talen -
dat dy sa bysűnder kleurryk makket

eins soe der ris in lofliet oer dy skreaun wurde moatte
al wie’t mar in lytsenien

simpelwei om datsto it wurdich bist!


Dames en hearen lit ús dan no nei de foyer ta gean foar datgene węrom’t jum hier écht kommen binne: túte, handsjeskudde, netwerke, drinke en flaubyt. Lit it yn Súdwest-Fryslân brúze en daverje, 2014 wurdt allemachtech prachtech at jo dat wolle!!

hvdv, Drykoaningen 2014





Piet Schaper mocht met un gongslach de resepsygangers naar de teatersaal dirigeare! Foto's Jan Douwe Gorter