dagboek > overzicht
Dagboek febrewary 2014Bekiek hele maand 
 
22 febrewary om 11:54
 
Ut debút fan O.N.S.-speuler Jacob Krol





Op saterdach 22 maart 1968 wurdde O.N.S. 1 kampioën fan de derde klas KNVB.


Un halve eeuw is de saterdach foar mij de foetbaldach. Passyf en aktyf ( tňt foar kort ), fanmiddach naar O.N.S – Capelle. Ik bin ok gek op foetbalferhalen en foetbalanekdoates. Ut kan dan ok gyn toefal weze dat ik twee foetbal júbileumboeken , dat fan HJSC en O.N.S., op myn naam staan hew.

Gisteravend kreech ik sumar un prachtech foetbal ferhaal in de skoat ( = in de mailboks ) goaid fan un oud-earste XI-tal speuler fan O.N.S.

Jacob Krol stuurde mij un kostlek stukje proaze over syn debút in O.N.S. 1., hij skreef ut srukje nasat op solder un paar ouwe O.N.S. –foto’s teugenkwam in un skoënedoas. Ik lęch Jaco syn ferhaal fast foar de evechheid…

" It moat yn 1967 west hawwe. Ik siet noch op de Kweekskoalle yn Snits en dat jier wie it noch sa dat wy ien kear yn de fjouwer wiken op sneon nei skoalle op de Parallelweg moasten, foar 3 oeren “handenarbeid “ ! Sa ek dizze sneon.

Ornaris wie it sa dat wy op sneon altyd snert en /of rys mei beisűr krigen. De fetpanne wie op freed leech en dan wie de sneon in “vleesloze dag “. Doe ’t ik op dy sneon de middeis eefkes nei 12 oere thúskaam, stienen der, ynstee fan pannen mei snert of rys mei beisűr, pannen op tafel mei jierpels en fleis. Ik fűn dat tige űngewoan, mar frege eins net werom ’t dat no sa wie.

“Mar lekker ite”, sei ús mem noch en dat die ik fansels ek. Doe ’t ik de iterij goed behimmele hie en it my ferrekte goed smakke, sei ús mem it folgjende : “ No sil ik it dy mar sizze, Jan Jacob, mar se ha fannemoarn belle fan O N S. Do moatst dizze middei mei it earste elftal mei, foar in oefenwedstryd. Ik tocht, dy jonge moat goed ite, fandęr de jierpels en it fleis. Ik woe it dy net foar it iten sizze, oars wie ik bang datst te senuwachtich wurde soest en neat troch de kiel kriichst. Dat soe ik skande fine fan it skoandere iten."

Ik hie noch nea yn it earste spile (dat seizoen hieltyd yn it tredde) , mar dat ik op dy middei in folsleine wedstryd spile ha (ik miende tsjin Friese Boys, 3 – 3 ?) en nei ôfrin de kompliminten fan de oare spilers kriich, hie ik grif te tankjen oan it űnferwachte, kręftige miel iten dat ús mem my op dy sneon foarset hie!!"


Hieronder dry foto's fan de wedstryd O.N.S. 1 teugen VVI 1 ( 2 -1 ) fan saterdach 16 september 1967. Jacob Krol is de man met ut toen nňch onbekende Joop van Dalen-briltsje! De wedstryd wurdde speuld op ut Spňrtpark an de Liwwarderwech. Wat un toeskouwers toen!