|
|
14 júly om 18:57 |
|
Nije roman Josse de Haan
'Frou mei mandoline op sofa', is de titel fan Josse de Haan syn nijste roman. Alle kearen at der wer in nije roman yn it Frysk ferskynt, bin ik eins wol in bytsje ferbaasd. Binne der dan noch minsken dy't yn dizze taal lęze? Blykber wol!
Lit ús der wiis mei węze dat der noch altyd skriuwers binne lykas Josse de Haan dy't op hiel eigen autentike wize in belangrike bydrage levere oan de fernijing fan de Fryske literatuer.
Yn syn nijste roman hat De Haan fan 10 skriuwersa út 15 wurken lytse fragminten brűkt dy't in alternatyf sicht jouwe op de haadstikken dęr't se tusken steane. Dat is neffens my wol hiel bysűnder en net earder fertoant yn de Fryske literatuer.
De titel fan dizze roman hat as űnderskrift ' oantekens oer skriuwen, oerlibjen en in hôf fan Eden '. It wurk fan Josse de Haan is noait frijbliuwend, de lęzer wurdt altyd ferge om it proaza yngeand te lęzen. Wat stiet der tusken de regels?! Wat hat de skriuwer ús te fertellen!
Ik bin benijd en set no útein mei it lęzen fan de roman, dy útjűn is troch de Afúk.
|
|