dagboek > overzicht
Dagboek augustus 2014Bekiek hele maand 
 
26 augustus om 20:49
 
Swalk, Frysk op toernee





Wústou wel even reklame make foar SWALK?! Gyn problemen, un echte Sneker het niks teugen It Frysk. Omgekearde hewwe echte Friezen tňch ok niks teugen ut Snekers?! Bliëft de fraach wat echte Friezen & Snekers binne. Ik hew ut antwoard nyt. Mar ik praat beide talen like flot, nee nyt deur mekaar heen, dan wurdt ut un gegriem. Fyn ik teminsten.

Swalk, Frysk op toernee

In nij, rűnreizgjend festival giet troch Fryslân. Mei SWALK giet de Fryske kultuer letterlik op toernee. Nei de iepening op 12 septimber yn de Blokhúspoarte yn Ljouwert, fart it Frysk mei theaterskip Bald'r troch de provinsje. Fan 13 oant en mei 21 septimber is der op it theaterskip elke jűn in program mei sterk wikseljende ynhâld. Dęrmei kin it publyk op safolle mooglik ferskate plakken yn oanrekking komme mei de Fryske kultuer. Reizgest mei?

Iepeningsfeest

Yn de Blokhúspoarte fynt de grutte iepening yn de foarm fan it Frysk Boekefeest plak: op 12 septimber stiet it âlde sellekompleks yn it teken fan de Fryske literatuer. By de offisjele iepening troch Tresoar direkteur Bert Looper en Deputearre fan kultuer Jannewietske de Vries, wurde Kadoboek en Aksjeboek presintearre. Fierder binne der muzikale aktiviteiten en fynt yn kafee De Bak in diskusje plak oer de rol fan de Fryske literatuer yn it ramt fan KH2018. Oer it program komme sa gau mooglik mei fierdere details.

Theaterskip

De theaterskip Bald'r is op sneon 13 septimber yn Frjentsjer en fart dęrnei elke dei nei in oar plak ta. Fia Warkum fart dizze nei Starum, Heech, Wâldsein, Langwar, Terherne en Grou, om op snein 21 septimber te einigjen yn Burgum. Op dit skip fine tal fan aktiviteiten plak.

Ferhalefertellers Mindert Wijnstra en Douwe Kootstra binne ôfwikseljend presintator fan in jűnsprogram dęr't folksferhalen it mulpunt fan binne. Spannend dęryn is dat it űntstiet troch in keunstnerskollektyf dat in wike lang meireizget, űnderweis ferhalen opdocht, ferwurket en jűns presintearret yn in nij program.

SWALK is de nije opset fan de Moanne fan it Fryske Boek. De organisaasje kiest hjirmei foar in nije koers, rjochte op kwaliteit en ferskaat.