|
|
12 november om 18:06 |
|
En dy Liwwarder Melvin gaat mar deur!
Moai Melvin, dou bist un deursetter! Hierbij ut programma:
Op 27 novimber is yn De Bres is in spesjale Fryske ôflevering fan de ‘Leeuwarder Poëzie Avond’. Trije dichters joegen de ôfrűne tiid workshops poëzij yn Tresoar. No bringe se eigen wurk en fertelle ek wat oer har űnderfiningen mei de workshops • Arjan Hut wie twa jier stedsdichter fan Ljouwert. Syn wurk út dy tiid ferskynde yn de bondel 05|06. Letter kaam Tin (2010). Hut besprekt muzyk foar de Moanne en it Friesch Dagblad. Yn syn workshop hat er de ‘taalsintra wer-skikt om der poëzij út te krijen’. Elmar Kuiper is aktyf as skriuwer fan gedichten en toaniel. Hy is ek byldzjend keunstner, performer en filmmakker en wurket er sa no en dan as ynfalkręft yn ’e psychiatry.
Hy skriuwt yn it Frysk en yn it Nederlânsk. Lęste bondels Granytglimkes en Hechtzwaluwen. Taal is foar him ark, datst beslypje kinst. ‘Ik jou in workshop, dęr’t ik jimme fan de wurden priuwe litte wol.’ Elske Kampen woe yn earder jierren mei tekenjen en skilderjen oan de slach. Mar se kaam út by de taal. Foar har debút Fan glęs it brekken krige se de Fedde Schurerpriis. Nijste bondel: Man en mem. Dichtsje is foar Kampen oarderje en harmonij skeppe. De fersfoarm twingt har om ta de essinsje te kommen. Der is ek romte foar kursisten om wurk te bringen op dizze jűn.
Der binne ek oaren dy’t optrede. Jan Kleefstra publisearre yn it Frysk de bondel Fragminten. Hy jout yn wurden de sintúchlike delslach fan wat lânskip yn him bewurket, yn keale en abstrakte biten en brokken. Hy kombinearret syn foardracht mei minimalistyske lűden. It gehiel foarmet in ferstille sfear dy’t de romte fan it lege lânskip op ’en nij opropt. Edwin de Groot syn tredde en lęste bondel ferskynde ferline jier, In hazze is in gelokkich bern / Een haas is een gelukkig kind. By syn foardrachten eksperimintearret er mei in multimediale oanpak, benammen it brűken fan byld. Dat makket him sels ek wer fisueler. Sa űnderhâldt er syn sjen yn it sykjen om wurden.
Keunstner-fotograaf-dichter Minne Velstra (Reduzum, 1962) sjocht himsels as animearman yn de múzen. Hy is skilder, foarmjouwer en dichter. Op dizze Fryske poëzyjűn sil hy him beheine ta gedichten wer’t lân en see yn gearkomme. It räntsje drek dat fan see en län net węze kin. Om net hielendal allinnich op it podium te stean, nimt hy meastentiids in skilderij mei as dekor en illustraasje fan syn wurk.
De muzyk wurdt fersoarge troch Grapefruit Moon mei songs fan Tom Waits. Grapefruit Moon hat dizze jűn keazen foar in akoestyske besetting fan sang, piano, kontrabas, saksofoan en drums. De muzyk past yn de sfear fan poëzij en taalkeunst. De lieten wurde mei ynmoed en evenredich fertolke. • Presintaasje lykas altyd yn hannen fan Melvin van Eldik.
De Ljouwerter Poëzij Jűn ‘De Bres’ Schoolstraat 4 Ljouwert/Leeuwarden Seal iepen 20:00 Start programma 20:30. Yntree € 5,–
Jiergong 8, ôflevering 33
|
|