|
|
13 jannewary om 09:14 |
|
Eppie Dam en de frije útering fan mieningen en ideeën
Fanmňrren opende ik myn mailboks en las de onderstaande briëf fan dichter Eppie Dam. Ik foldoën graach an syn fersoek om ut fers ' Ik woe in lytse Marseillaise ' hier te públisearen.
Ok públisear ik de bysondere foto dy't Nico Altenburg tidens de protestdemonstrasy in Sneek maakte. Ut pňtload dat Nico op'e foto sette, komt út ut family argyf fan de Altenburg's en symboliseart nyt allienech ut frije woard mar ok de frijheid dy't der bij de family Altenburg hearste.
" Goeie allegear,
Ferline wike ha ik nei it Saailân west, myn earste demonstraasje oait. Nee, net mei in A4-ke, ek net mei in tekenpotlead omheech; inkeld mei in pinne yn ’e bűse, en gedachten yn ’e holle. Dy steane no op papier, yn in foarm dy’t mij past: sjoch it as myn protestbuordsje, dat ik doe net by my hie.
Moai dat it sa massaal wie yn Ljouwert, en juster yn Parys, mar de earste weromlűkende bewegingen binne al wer begűn. Dat it tydskrift grof, kwetsend en smakeleas is, en dat de redaksje der by wize fan sprekken sels om frege hat. Ik fyn dat der fier by troch, en dat we ôfsakje, mochten we dy kant út prakkesaerje. Ik sjoch cartoons as in mingeling fan keunst en satire, en foar alle twa jildt de frije utering fan mieningen en ideeën yn syn meast heldere foarm.
Reden om de lytse Fryske Marseillaise dy’t ik skreaun ha neffens it stramyn fan it orizjineel, hjirby yn te stjoeren, mei de fraach oft jim ’m pleatse wolle, op papier en/of jim webside. Ik sjoch it as in myld mar likegoed helder pamfletsje..."
Ik woe in lytse Marseillaise
Ik woe in lytse Marseillaise, om mins en mienskip no oerein, mar koe de wurden amper lęze yn wazen ús temjitte slein. En noch sil ik yn tűzen bochten om kűgels en skerpsliperij te liif mei dy grize meldij: de frijheid fan geast hjir befochten.
Dy’t fan de wierheid alles witte, se lizze dij koelbloedich plat, kalkoenrop âljend troch de strjitten, sa fol de hals fan eigen god. Mar hoe nimst dôve lju geweken dy’t meane mei blaffer en swurd; se hawwe de gek mei dyn wurd, feroarje fraach- yn útropteken.
Ik woe in lytse Marseillaise doe’t ik weromkaam fan in plein, om net alhiel űntdien te węzen, noch wittend fan in âld refrein – om bliuwend foar ’t ferstân te krijen: hoe’t nearzich tsjuster ús ek socht, wij hâlde ’t mei de stęd fan ljocht en neat bringt de tongen ta swijen!
Eppie Dam, 2015
|
|