dagboek > overzicht
Dagboek febrewary 2015Bekiek hele maand 
 
23 febrewary om 09:33
 
Meunsternimmer bij Omrop Fryslân





Kiek as Jacob Stelwagen self begint te ferklappen, doën ik dat ok. In onderstaand interviewtsje op de site fan Omrop Fryslân fertelt Jacob dat hij over un week met un nieuw programma begint. Fernieuwing is absolút noadsakelek, want met de ' harksifers ' ( dat het niks met harken te maken Snekers, mar alles met lústeren ) fan de Omrop is ut de laaste jaren berchafwaarts gaan. Fernieuwing dus!

In ut programma fan Jacob Stelwagen bin ik een fan de MEUNSTERNIMMERS. Ik mach om de 14 dagen mňrrensfroech fertelle wat mij in ut nieuws opfallen is. In ut ferleden hew ik dat ok wel us deen bij de Omrop. Ik weet nyt eens mear de naam fan dat programma.

Myn bijdragen salle in ut Snekers weze, dat is nyt omdat ik gyn Frys prate kan, mar mear om ut brúken fan ut Snekers te stimúlearen. Ut Snekers is un minderheidstaal in Fryslaan en ik kom immer foar minderheden op. Dus ok foar ut Snekers. Hieronder ut interview met Jacob Stelwagen.

Oer presys ien wike begjint de nije radioprogrammearring fan Omrop Fryslân. Moarns fan seizen oant njoggenen is dan op wurkdagen it nije moarnsmagazine 'Fryslân fan 'e moarn' te hearren. It lűd op de betide moarn klinkt lykwols net űnbekend: Jacob Stelwagen presintearret it programma: "Al in jier as acht bin ik wend om der betiid ôf te kommen. De wekker om in oere as 4.00, foar de measte minsken in űnkristlike tiid, mar betiid presintearje is foar my it m

It Fryske nijs bliuwt in wichtich űnderdiel fan it moarnsprogramma, mar 'Fryslân fan 'e moarn' is mear as allinnich in nijsprogramma: "Ik bin der hiel wiis mei dat der alle dagen wer in kollumnist is. Eelke Lok, dy't it al in oantal jierren dien hat, komt werom op woansdei. Oare nammen dy't ik ferklappe mei binne Bart Kingma, Nynke van der Zee, Nynke Sietsma en Willem Schoorstra." Nij is ek it űnderdiel 'De Meunsternimmers'. "Der is alle dagen safolle nijs, dat guon űntjouwings maklik űndersnije. Ik belje tenei mei in ferskaat oan nijsfolgers en nijsmakkers dy't fertelle wat har persoanlik opfallen is yn it nijs. Dat mei alles węze. In moai tv-programma, in opfallende útspraak op de radio of allinnich mar in moai wurd yn in krantekop."

It is de bedoeling dat 'Fryslân fan 'e moarn' echt in oar programma wurdt as Omrop Fryslân Aktueel. Mear ferskaat, in oare toan. Ferkearsynformaasje op fęste punten, mear omtinken foar oare ferhalen út de kranten as allinnich dy op de foarside. In moai foarbyld dęrfan is ek de nijskwis Ut 'e tiis. "Alle dagen is der in fragmint, mei dęryn in oantal űnderwerpen trochelkoar. It kinne der trije węze, mar miskien ek wol fjouwer of fiif. Wa't de measte űnderwerpen beneame kin, is de winner." En fansels is der dan in passende priis: "De Omrop Fryslân wekker!"

Brňn Omrop Fryslân