|
|
19 júly om 17:43 |
|
De earste echte skűtsjeroman fan Hilda Talsma
Regelmatech krij ik boeken anboaden fan útgevers om dy te bespreken foar de Friesland Post. Ut is simpelwech nyt altyd mogelek alle resęnsy eksemplaren ok te bespreken foar de FP, dęrfoar hew ik te min rúmte. Aflopen week kreech ik de nieuwe roman fan Hilda Talsma:
" Mei Wyn fan feroaring skriuwt Hilda Talsma de earste echte skűtsjeroman. Fris en tagongklik, mei 'it brűs foar de kop'. Nei de Frisum-trilogy De twadde hűd, Flammen en It geloksbern en de roman Brekber is dit alwer har fyfde boek. Yn alle boeken stiet de minsk en de leafde yn al syn foarmen sintraal ", su lees ik achter op de flaptekst fan ut netsjes útgeven boek ( Uitgeverij Elikser ).
Nou't gister de skútsjesilerij wear begonnen is, liekt ut mij gyn ferkeard moment even wat reklame foar Hilda har boek te maken. Uteraard ok myn gelukwęnsen foar Hilda har nijste!
Johanna Kamstra is in jonge húsdokter dy 't sa op it each it perfekte libben hat. Har pasjinten binne wiis mei har, se is ferloofd mei gynaekolooch Joost en wennet yn in prachtige filla oan 'e râne fan Ljouwert. Dochs hat se altyd it gefoel dat se tekoart sjit en net past yn har omjouwing.
Se hat al jierren gjin kontakt mear mei har âlden, dy 't der mar wat hinne libje. De ienige fan har famylje dęr 't se har by thús fielt is omke Hannes. Mei him en har neef Ate gong se as jongfaam altyd op sylfekânsje. As omke komt te ferstjerren moat Johanna wol kontakt sykje mei har heit en mem en sjocht se har famylje foar it earst yn jierren werom. Ek Ate.
It testamint fan Hannes set it libben fan de famylje Kamstra folslein op 'e kop. Se moatte mei elkoar in kasko klear meitsje foar de IFKS-silerij en dęrmei by de earste trije eindigje. De ynset: it foarstlik neilittenskip fan Hannes...
|
|