dagboek > overzicht
Dagboek november 2015Bekiek hele maand 
 
7 november om 11:20
 
Ruth: Węs derby!





In dream fan musicus Hindrik van der Meer kaam út: It nochris útfieren fan de Frysktalige musical ‘Ruth’, op tekst fan Folkert Verbeek en syn eigen muzyk. De Lawei wie yn maaie dit jier trijeris útferkocht. “Skitterjend, prachtich en aktueel” kopte de krante. Fanwege it grutte sukses komt der in ekstra foarstelling op 22 novimber yn Snits de middeis om trije oere en de jűns om acht oere.

De musical wurdt útfierd troch It Kwartettekoar, besteande út betűfte sjongers, oanfuld mei solisten, in bernekoar, dűnsers en in orkest. Reimer Jan Rondaan skreau in tal nije arranzjeminten foar blazers en slachwurk. Tjerk Kooistra, bekend fan it Iepenloftspul yn Jorwert docht de rezjy. Yn it orkest spylje dit kear ek Rob du Jardin (fioele/trompet) en Basile Maneka Lukadi (perkusje) mei.

It wurdt sűnder mis wer in hiel bysűndere foarstelling mei sjongen, muzyk, dűns, film, lűd en ljocht. In ieuwenâld mar hiel aktueel ferhaal, oer minsken, striid, fertriet, wanhoop en hoop en boppe al de leafde.
Tagongskaarten euro 17,50 fia www.theatersneek.nl.