dagboek > overzicht
Dagboek november 2015Bekiek hele maand 
 
15 november om 13:53
 
Interview met Elmar Kuiper, skriptskriëver fan ‘Ik, Martinus’





Gisteravend hew ik na de foarstelling ‘Ik, Martinus’ un kňrt interview met skriptskriëver Elmar Kuiper had over ut stuk. Ik hew ut Frystalech gesprek met myn mobyl opnommen. Hieronder de delslach fan dat gesprek, węrbij’t ik de antwoarden fan Elmar weergeef.

“It skriuwen fan dit stik hat mij in enoarme boost jűn. It wie bęst in drege keallerij om dit stik yn oparbeidzjen met Ypy Zysling en Sytse Broersma te skriuwen. It hat in swiere befalling west, oars kinst ek net sa’n moai stik krije. Ik bin pas yn in letter stadium by dizze produksje kaam, se wiene earst mei twa oaren skriuwers om tafel west. Ien wit ik net, de oare wie Hans Brands. Ik bin ein desimber 2014 benadere en yn jannewaris fan dit jier haw ik de earste petearen hân bij Sietse Broersma yn Reduzum. Ik hie fuort al wat ideeën dy’t we fuort al besprutsen haw en ek harren ideeën oer it stik. Ik bin wer bij nul begűn.”

“Mei dit stik woe ik eins sjen dat gjin mins perfekt is. Hij makket flaters yn it libben, net echt fouten mar hij is it produkt fan syn opfoeding soesto sizze kinne. Dat haw ik sjen litte wollen. Dy Marius koe hiel goed foar himsels opkomme al wiene dy heit en dy mem wat űnfolwoeksen. Dy Domincus net, dy hie yn dy sin gjin keuze. It koe hast net oars dat hij ek oan de drank ferslingere rekke omdat syn heit dat ek die en syn mem wie ek noait thús. Dy jonge hat gjin burgenheid meimakke. Martinus hat wat in kaairol spile in dit stik, net in ferlosser. Eins hielendal net, hij wiist de minsken der even op dat se der węze meie en dat se de pine oangean moatte. It stik kin net aktueler. Juster dy ferskrikkeleke oanslaggen yn Parys, dat minsken elkoar net mear doare oan te sjen. Dat minsken net mear doare in earm om mekoar hinne te slaan út ekstreme oertsjűgings wei. It Pax Christie byld, it Frijheidsbyld, de Eiffeltoer is in hiel kręftich byld dat yn dy sin ek in hiel soad seit. It paste wol yn de slotsęne.”

“Dit wie myn earste grutte produksy, at it oan mij leit komt der mear. It smakket nei mear, ik soe graach mear skriuwe wolle. At der ien seit ik haw in moai plan dat er útfiere wol, ik soe graach in skript skriuwe wolle. Yn ‘Ik, Martinus’, siet mear fan mij sels as mij leaf is. Ik hie in hiele leave heit en mem dęr net fan, mar de anekdoate fan de foto dy’t yn it stik siet bygelyks. Ik hie ek in klasgenoat węr’t ik in bytsje bij opseach en ik haw mij sels op in gegeven stuit weikrast fan de klassefoto. It wie konfrontearjend, mar it genęst je ek wer. Ja, genęzend suver!”

“Ik ha hjir en dęr wol mei regisseur Ypy Zysling prate kinnen en wat dinkjes oanjűn wat ik oars woe. Bygelyks it sjongend petear tusken heit en Marius. Dęr sit it muzyk wol hiel erch lűd űnder. Dy teksten kamen dęrtroch net goed út de ferf. Ik haw doe frege oft de band wat sefter spylje koe. Dat hawwe se ek dien sadat der wat mear dinamykferskillen kamen en de tekst goed te ferstien wie. Ik ha de teksten yn it Hollâns skreaun. Dęr moatst dan even ynkomme, der sitte in pear Friesismen yn, mar geandewei giet dat wol maklik je. Mear as mei it Frysk koe ik emosjoneel wat ôfstân bewarje, wylts ik oan it publyk murk dat de teksten wol oankamen. It binne wol natuurlike teksten, ik fyn it wol wichtich dat it út de műle fan de spilers komme moat. Joël hat de tekst wol wat eigen makke, hat it yn eigen wurden sein. Dat fyn ik wol wichtich.”

‘Ik, Martinus’, hat myn stoutste ferwachtings oertroffen. De sęne mei Marius en Marius, de folwoeksen Marius en de lytse Marius hat mij it meast rekke. Dat fan ‘we kunnen het’en mekoar bij it handsje beetpakke. Dat er him sels yn syn hert tsjinkomt. Elk mins hat it blide bern noch yn him sitten. Dat waard even hiel moai sjen litten op dizze manier mei dat liet fan Queen: ‘I want to break free!’

Prachtich, dat hat mij it meast rekke!”