|
|
27 november om 11:31 |
|
At in absurdistys ferhaal ta libben komt
It bliuwt fansels apart om te skriuwen dat je in noflike jűn hân hawwe, wyltst je nei in toanielstik sjoen hawwe węryn’t fjouwer kearels fermoarde binne en dy’t dęrnei ta woarst fermealle wurde. En dochs is it sa. Ik skriuw oer it absurdistise stik ‘De frouljusslachterij’ fan Ilja Gort yn in bewurking fan oersetter Anja Steegstra. It stik belibbe ôfrűne tongersdeitejűn har premjęre ( ‘wrâldpremjęre’stiet op it programaaboekje) bij Teater Snits. Ik haw net bij de premjęre west, mar siet justerjűn op it plús fan de teaterstoeltsjes fan Theater Sneek.
It sil der sűndermis ta bijdroegen ha dat de spilers justerjűn foar de tredde kear mei it stik op de planken stiene, mar it kaam op mij allegear hiel relekst oer. Ik seach in ploech amateurspilers dwaande dy’t nocht belibben oan it aktearen yn in professionele omjouwing, net yn it lęste plak troch in fantastys dekôr, makke troch de bruorren Pier & Wiebe van Solkema. Wat in skitterjende foarmjouwing, wat un prachtich ljocht. De jonge regisseur Theo Smedes hat him mar útlibje kinnen en hat dat ek dien. Alles wat yn it bizarre ferhaal siet hat hij der neffens mij úthelle.
It ferhaal is sa simpel as’t mar kin, ferkearde kearels komme op in grouwelige wize oan har libbensein en bedarje yn’e gehakmole fan de fjouwer froulike slachters. Like nonsjalant ferteller Age Bootsma (wat in prachtstim hat de man!) it ferhaal fertelt wurde de manlju nei gichem holpen. Syboutsje van der Mear hat net allinne in haadrol yn it stik as Lucie, mar se pakt dy haadrol ek, har spul oertsjűget en net sa’n bytsje ek! Ek Eke Born, as letterlike manneslachter Bernadette kin mij bekoare.
Nergens giet it stik oer de top, it liket allegear deagewoan wannear’t de manlju út’e wei holpen wurde. Fansels is it dat net! It is bizar en grouwelich wannear’t minsklike resten yn woarst ferwurke wurde. En it is ek net gewoan wannear’t froulju fernedere en ferkręfte wurde. Stompsinnich laitsjen út it publyk bij sa’n sęne is al likemin gewoan!
De basis foar it stik komt út it ferhaal dat Ilja Gort yn 2012 skreau en fjouwer jier letter folslein bewurke ta wat it no is. Gort is fansels net de earste auteur dy’t sa’n ferhaal skreaun hat, de grutte Roald Dahl die dat al folle earder. En dan is der noch ús eigen Hylkje Goďnga (1930-2001).
Eins ferbjusterjend dat regisseur Theo Smedes mij justerjűn fertelde dat hij it wurk fan Hylkje Goďnga net kin. Dan hie er fęst it ferhaal ‘Optimaal funksioneare’, fan de skriuwster út Snits/Ysbrechtum linkt oan it stik fan Gort. Dat ferhaal stiet yn de bondel ‘Thús is de maggi op en oare ferhalen’út 1981. It lakonike fan Hylkje Goďnga dęr hie Smedes fęst wol wat mij kinnen.
|
|