|
|
7 november om 16:34 |
|
Myn mailboks fan fandaach het un paar aaredege berichten. Fan Tsead Bruinja ut 'persbericht ' dat syn nije poëzybundel der ankomt. 'Gers dat alfęst laket / Gras dat alvast lacht', is de titel fan Tsead syn nijste. De bundel komt út bij Bornmeer en de presentasy is op sundach 11 desember in Amsterdam. En ok un aardech bericht fan Lida Dykstra:"It printeboek Műske myn famke fan Lida Dykstra en tekener Piet Grobler sil yn Súd-Korea ferskine. Tae-Dong Publishing Company yn Seoel hat de rjochten kocht. It boek is behalve yn it Frysk ek al yn it Nederlânsk, it Ingelsk en it Súd-Afrikaansk ferskynd. Műske myn famke wie yn 2003 it Fryske aksjeboek foar bern en krige yn 2004 de Simke-Kloostermanpriis. It is yn it Frysk útjűn by Bornmeer en yn it Nederlânsk by Lemniscaat."
Beide auteurs alfast felisiteard, ik gun jim ut súkses! Ok aardech nijs over Wieke de Haan út Mantgum, Wieke het un eigen weblog: wiekedehaan.toplog.nl. Welkom Wieke in webloglaan, un bitsje fersterking kanne wij wel brúke in dizze barre tiden!
Wieke de Haan, het un eigen weblog. Foto, Loeki Klarenbeek.
Fanavend sal ik foarleze op de jaarfergadering fan Horeka Sneek. Maandachavens is myn favorite tydstip anders nyt, mar ik hew my wel goëd foarbereid!
|
|