|
|
29 jannewary om 15:07 |
|
Fanmňrren tňch naar Lytsewierrum toeweest foar de premičre fan de tiende liturgy fan Eppie Dam en Hindrik van der Meer. 'De keunst fan it libben ' hyt dizze liturgy met prachtege teksten fan Eppie Dam. De liturgy bestaat út spreekteksten en fersen útgaande fan en basseard op ut bibelboek Prediker. Eén fers is skreven n.a.f. Matteüs 18: 1-5. De muzyk dy't Hindrik bij dizze teksten skreven het, rake tňt op de bonken. Dy Prediker was tňch un absolúte literęre hotemetoot! Eppie Dam het ut meesterlek weargeven. Hier un 'priuwke'
Preker:
Sadwaande kaam ik safier en sis: nim de fleurige dagen mar mei, mar tink fan de misse dagen net dat God der gjin weet fan hat. Want foar elk ding is in oere, foar alles is in tiid.
Foar elk ding is in oere, foar alles is in tiid. Al kin net ien har stjoere, lit de tiid net sloere. Jou de tiid, nim de tiid, de wrâld is noch sa wiid. In tiid om te gűlen, in tiid om te laitsjen. In tiid om te brekken, in tiid om te meitsjen. In tiid om te treasten, in tiid om te slaan. In tiid om te nimmen, in tiid om te jaan.
Preker:
Leafde of haat, gjin mins wit wat allegear foar him weilein is. Dęrom: genietsje hjoed fan it libben mei de frou of de man dysto leaf hast. Doch, salang as it noch kin, wat dyn hân fynt om te dwaan.
Gun dyn each mar wat te sjen is, lit dyn hân dwaan wat er docht, prakkesearje dy net sljocht - wa't noch iepen as in bern is krijt de dingen om 'e nocht.
Ik hew foar de Sneeker un stukje skreven fan dizze prachtege oekemenise diënst. De laaste tiid selden su fleurech út kerk futkommen! De teksten fan Eppie Dam staan in un fraai boekje met dito beeldwerk fan Gerrit Terpstra op de foarkant.
Toen ik naar hús reed, docht ik 'sú ut ok mooglek weze om de teksten fan de Prediker in ut Snekers te fertale?' Hmmm!
Der wurdt omraak riden op de iisbaan, mocht ik froeger noait op sundach. De weareld hier in Fryslaan leit der fandaach as un ansichtkaart bij. Halleluja!
Douwe Willemsma het bloemen overhandegd an Eppie Dam en Hindrik van der Meer
Nňch altyd één fan myn leararen! |
|